Jelle Attema, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra winne Aldehoupartij

It partoer fan Jelle Attema, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hat sneintemiddei de Aldehoupartij yn Ljouwert wûn. Sy wiene yn de finale fan de lêste wedstriid fan it seizoen mei 5-3 6-2 te sterk foar it partoer fan Menno van Zwieten, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Steenstra waard yn Ljouwert útroppen ta kening.
Kening Tjisse Steenstra yn petear mei ferslachjouwer Geert van Tuinen:
Tjisse Steenstra
It partoer fan Attema helle de finale troch yn de heale finale mei 5-5 6-2 te winnen fan Marten Bergsma, Hillebrand Visser en Erwin Zijlstra. Van Zwieten-en-dy rekkenen yn de heale finale ôf mei Remmelt Bouma, Dylan Drent en Thomas van Zuiden: 5-2 6-4.

Finale

De finale gie oant 3-3 gelyk op, doe't Steenstra op 3-3 2-6 in sitbal sloech naam dat partoer lykwols ôfstân. Op 3-4 6-6 joech Triemstra mei in boppeslach de definitive nekslach oan it partoer fan Van Zwieten. It lêste earst gie mei 2-6 nei Attema-en-dy.
Taeke Triemstra yn petear mei ferslachjouwer Geert van Tuinen:
Taeke Triemstra