Partoer Tuinenga wint generale foar Frouljus PC yn Goaiïngea

It partoer fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest hat de lêste frijeformaasjepartij foar de Frouljus PC wûn. Yn Goaiïngea fersloegen Tuinenga-en-dy it partoer fan Anna-Brecht Bruinsma, Harmke Siegersma en Anne Monfils mei 5-3 en 6-2. De lytse preemje gie nei it partoer fan Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma.
Besjoch hjirûnder de lêste slach fan de finale:
Leste slach
De fjouwer partoeren dy't dit jier by it frouljuskeatsen in earste priis pakten, lotten yn Goaiïngea tsjininoar. It partoer fan Tineke Dijkstra, Marte Altenburg en Louise Krol moast it yn de earste omloop opnimme tsjin it partoer fan Bruinsma. Dy partij gie mei 5-3 6-4 nei Bruinsma-en-dy.
It partoer fan Tuinenga lotte tsjin Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Dat partoer wûn dit seizoen al fjouwer wedstriden (Wergea, Sint-Anne, Wommels en Huzum), mar koe it yn Goaiïngea net oprêde tsjin Tuinenga-en-dy: 5-4 6-2.
Imke van der Leest nei ôfrin fan de partij

Ienfâldige heale finales

It partoer fan Bruinsma naam it yn de heale finale op tsjin Andrea Kroes, Sigrid de Jong en Marije Hellinga. Sy wienen gjin partij foar Bruinsma-en-dy: 5-1 6-2. Ek it partoer fan Tuinenga hie mei 5-0 6-2 hast in walkover yn de heale finale tsjin Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma.
De finale wie mei 5-3 en 6-2 in proai foar Tuinenga-en-dy. Margriet Bakker makke de wedstriid mei in boppeslach ôf. De lytse preemje gie mei 5-3 6-4 nei it partoer fan Serena Hovenga.
Besjoch hjirûnder de reaksje fan Ilse Tuinenga:
Ilse Tuinenga
De Frouljus PC wurdt dit jier op snein 27 septimber hâlden. Ferline jier wûnen Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra de 43e Frouljus PC.
It partoer fan Imke van der Leest, Ilse Tuinenga en Margriet Bakker © Omrop Fryslân, Andor Faber