Beitske Visser njoggende yn 24 oeren fan Le Mans, De Vries teloarstellend

Nyck de Vries fan Snits is der net yn slagge om op it poadium te einigjen by de 24 oeren fan Le Mans. Hy waard mei syn team Racing Team Nederland fyftjinde yn de LMP2-klasse. Beitske Visser fan Twellingea waard by har debút njoggende yn dyselde klasse.
Beitske Visser © BMW Motorsport
It fyftjinde plak is teloarstellend foar it team fan De Vries, dat fierder út Giedo van der Garde en Frits van Eerde bestiet. Sy starten op sneon as tredde oan de race en yn de frije trainingen wiene se sels de fluchsten fan de LMP2-klasse. It team fan De Vries krige lykwols te krijen mei problemen mei de kuolling, wêrtroch't se op grutte efterstân kamen.
Visser sil as iennige frouljus-formaasje wol tefreden wêze mei har njoggende plak. Ek har teamgenoaten, de Kolombiaanske Tatiana Calderon en de Dútske Sophia Floersch, debutearren by de 24 oeren fan Le Mans.

Oerwinning wer nei Toyota

De oerwinning by de 24 oeren fan Le Mans gie foar it tredde jier op rige nei Toyota. De koereurs Sébastien Buemi, Brendon Hartley en Kazuki Nakajima hiene fiif rondes foarsprong op de nûmer twa, Rebellion Racing. De foargeande edysjes wûnen Buemi en Nakajima mei Fernando Alonso.