Dronryp wint 118e Freulepartij: "Dit bliuwt je foar altyd by"

It partoer fan Dronryp hat de 118e Freulepartij wûn. Jorn Lars van Beem, Rutger Kumbangsila en Rick Minnesma wiene yn de finale mei 5-2/6-6 te sterk foar Harold de Boer, Jelmer Miedema en Wiebe Siemen Leenstra fan Jellum-Bears.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De Rypsters setten goed útein en kamen al gau op in skjinne trije foar. Jellum-Bears waard doe wer wekker, en kaam werom ta 3-2.
It wie lykwols Dronryp dat trochsette koe. Jorn Lars van Beem soarge mei in rige sitballen foar de 4-2 en 5-2. Jellum-Bears koe de Rypsters twa kear op matchpoint tsjinhâlde, mar op 5-2/6-6 wie it oer: de opslachbal fan Harold de Boer gie bûten.
Jellum-Bears pakte de twadde priis © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De tredde priis gie nei Ramon de Vries, Wesley van der Vaart en Verry van der Meer fan Sint-Jabik.
Sint Jabik pakte de derde prijs © Omrop Fryslân, Aise van Beets
It hiele ferrin fan de 118e Freule kinne je yn ús liveblog werom lêze.
Jorn Lars van Beem
"We ha der hurd foar fjochtsje moatten, mar we ha 'm 'in the pocket'", sei opslagger Jorn Lars van Beem. Dronryp wie topfavoryt, mar Van Beem hie gjin lêst fan druk. "Dat is wol tweintich kear per dei sein. Ik fûn sels dat ik oer it algemien net folle druk fielde."
Dronryp kaam yn de fjirde omloop tsjin Frjentsjer in pear kear op 'e dea te stean, mar Van Beem hold ek doe alle fertrouwen. "Ik ha nea tocht dat wy dy partij ferlieze soene."
De Rypster sil dizze Freulepartij nea ferjitte, seit er. "Dit bliuwt je foar altyd by. It keatsen is al in moai spultsje. Mar at je in grutte partij winne, giest de skiednisboeken yn."
Harold de Boer
"Ik bin wol bliid dat ik de twadde priis ha, mar ik bin ek hiel teloarsteld", spruts ferliezend finalist Harold de Boer nei de finale. De reden dat Jellum-Bears ferlear wie neffens him simpel: "Fierstente folle fouten, dan giet it ek fierstente hurd."
Neidat Dronryp op in skjinne trije foarkaam, like Jellum-Bears ynienen wer wekker. "Doe't wy oan de opslach kamen gong it bêst, mar doe ha wy twa, trije earsten yn it perk stien. Dêr moatte je sa gau as mooglik wei."
Dêrnei wie it lykwols Dronryp dat wer de bettere wie. Jellum-Bears liet de Rypsters dêrnei te maklik punten pakke, seit De Boer. "It rûn net. Se sloegen prima út, mar se hiene net iens folle te dwaan yn de finale. Se krigen de punten hast kado."
Kumbangsila en Minnesma
"Dit is heel mooi, hier doe je het voor", sei Rick Minnesma nei de winst. "Dit is de belangrijkste wedstrijd, die wil je winnen. Dit is echt lekker."
Ek Kumbangsila wie optein. "Hier leef je echt naar toe, dan ben je blij dat je hem hebt." Kumbangsila twivele gjin momint dat de Rypsters mei de winst nei hûs ta gean soene. "Franeker was lastig, maar ik heb niet gedacht dat we zouden verliezen."
De winners yn de koets mei fjoerwurk © Omrop Fryslân, Aise van Beets

Alle útslaggen

Finale

14. Dronryp 30. Jellum-Bears 5-2 6-6

Heale finale

35. Sint-Jabik 14. Dronryp 5-4 6-2
30. Jellum-Bears Steand nûmer

Fjirde omloop

2. Frjentsjer 14. Dronryp 5-5 6-6
19. Boalsert 30. Jellum-Bears 3-5 4-6
35. Sint-Jabik Steand nûmer

Tredde omloop

2. Frjentsjer 4. Wytmarsum 5-5 6-2
8. Stiens 14. Dronyp 0-5 0-6
18. Raerd 19. Boalsert 3-5 4-6
23. Ingelum 30. Jellum-Bears 2-5 4-6
32. Reduzum 35. Sint Jabik 3-5 0-6

Twadde omloop

39. Berltsum 2. Frjentser 5-5 6-6
4. Wytmarsum 5. Sint-Anne 5-0 6-4
8. Stiens 9. Moarre-Ljussens 5-5 6-6
11. Baard 14. Dronryp 1-5 6-6
16. Spannum 18. Raerd 1-5 6-6
19. Boalsert 22. Tsjom 5-5 6-4
23. Ingelum 26. Bitgum 5-3 6-0
28. De Hommerts-Jutryp 30. Jellum-Bears 2-5 0-6
32. Reduzum 33. Menaam 5-4 6-2
35. Sint Jabik 38. Lollum-Waaksens 5-2 6-6

Earste omloop

1. Folsgeare 2. Frjentsjer 2-5 2-6
3. Grou 4. Wytmarsum 0-5 6-6
5. Sint-Anne 5. Reahûs-Turns 5-3 6-6
7. Easterwierrum 8. Stiens 0-5 4-6
9. Moarre-Ljussens 10. Ljouwert 5-4 6-4
11. Baard 12. It Hearrenfean 5-1 6-4
13. Wommels 14. Dronryp 2-5 6-6
15. Easterein 16. Spannum 0-5 4-6
17. Arum 18. Raerd 2-5 4-6
19. Boalsert 20. Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk 5-2 6-4
21. Eksmoarre 22. Tsjom 4-5 6-6
23. Ingelum 24. Kimswert 5-0 6-0
25. Rie 26. Bitgum 0-5 4-6
27. Itens 28. De Hommerts-Jutryp 3-5 0-6
29. Gaast-Ferwâlde 30. Jellum-Bears 0-5 2-6
31. Makkum 32. Reduzum 1-5 2-6
33. Menaam 34. Winsum 5-2 6-2
35. Sint Jabik 36. Seisbierrum-Pitersbierrum 5-0 6-2
37. Balk 38. Lollum-Waaksens 2-5 4-6
39. Berltsum Steand nûmer