Cambuur Sjoernaal: Nije spiler Ter Heide te sprekken oer earste moannen

Trainer Henk de Jong krijt hieltyd mear opsjes yn syn seleksje. Der komme in oantal spilers werom fan blessueres en dus hat de SC Cambuur-coach foar de wedstriid genôch om út te kiezen. Ien fan de spilers dy't sawiesa yn de basis stiet, is Jasper ter Heide. Hy is de iennige nije spiler dy't in basisplak hat en is tefreden mei syn earste moannen yn it giel-blau.
Sjoch hjirûnder nei in reportaazje oer nije spiler Jasper ter Heide en in foarbeskôging op it duel mei TOP Oss:
Cambuur Sjoernaal sneon 19 septimber
Snein is der in nij Cambuur Sjoernaal. Dan mei in wiidweidige gearfetting fan de wedstriid tsjin TOP Oss.