Kafee De Taperij yn Burgum slút doarren fanwegen coronamaatregels

Kafee De Taperij yn Burgum lit op Facebook witte dat se de doarren slute. "Met pijn in ons hart sluiten wij de deur."
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Earder dizze wike waarden de eigeners troch de GGD ynformearre dat yn it wykein in gast yn de saak west hie dy't letter posityf teste op corona. Op it momint fan de besite hie de persoan gjin klachten.
Troch dit foarfal sjogge se gjin mooglikheid mear om it bedriuw te runnen sa't se dat graach dienen. "Het is voor ons op deze manier niet mogelijk om het stukje gezelligheid, die we zo graag aanbieden voor onze klanten, nog te bieden", skriuwe de eigeners.
Sadree't it mooglik is, sille se wer iepen gean.