Fytsende frou yn Ljouwert oantaast; plysje siket tsjûgen

Yn Ljouwert is freedtemoarn in frou op de fyts oantaast. Se fytste om 07.40 oere op de Tweebaksmarkt en waard troch in oare fytser op ûnfatsoenlike wize fêstpakt. De man is fuortfytst rjochting Oosterkade.
© Plysje
It giet om in man fan ûngefear 1.60 meter, tusken de 25 en 30 jier. Hy hie in ljochtgriene sweater oan en de kapusjon oer de holle.
De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint.