Liveblog | 19 septimber 2020

LIVEBLOG Freule 2020: topfavoryt Dronryp wint

De wedstriden wurde woansdei ferkeatst yn Wommels. Dit jier dogge 39 partoeren mei.
Bywurke: 19 septimber 2020, 18:21
sneon 19 septimber 2020
18:00

Ein fan dit liveblog

Dat wie de 118e Freule! Lês hjir it ferslach fan de finale. Tank foar it folgjen!
17:42

Dronryp wint de Freule

No is it Rutger Kumbangsila dy't opslacht, en ek hy soarget foar in pear sitballen.
Op 5-2/6-6 moat Harold de Boer opslaan. Syn bal gie bûten, dus de winst is foar Dronryp.
17:37

Van Beem pakt troch

En opnij twa sitballen fan Van Beem, ek op 4-2/6-2 is it raak: Dronryp komt op 5-2.
17:34

Van Beem pakt in earst

Trije sitballen op rige fan Van Beem! Dêrmei pakt er it twadde spul foar syn partoer: 4-2.
17:29

It wurdt wer spannend

Jellum-Bears komt werom op 3-2. Minnesma slacht in bal fan De Boer werom, mar Jelmer Miedema stiet wêr't er stean moat en pakt it earst foar syn partoer.
17:23

Buordsje for Jellum-Bears

Harold de Boer liket wer yn de wedstriid te sitten, hy slacht twa ballen op rige binnen. Op 3-0/6-6 slacht er opnij goed op. Minnesma rekke de bal net goed, en Jellum-Bears hat dus lang om let in earst te pakken: 3-1.
17:15

Dronryp rint rap út

Sa giet it wol hiel rap, Harold de Boer slacht op 2-0/6-2 de bal bûten. Dronryp dus al op 3-0 foar.
17:10

Spul foar Dronryp

Op 1-0/6-2 is der opnij in sitbal fan Van Beem. Dronryp stiet dus al in spul foar.
17:05

Dronryp begjint goed

It earste earst fan de finale is foar Dronryp, op 6-0 slaat Jorn Lars van Beem de bal oer de boppe.
17:00

Tiid foar de finale

Partoeren Dronryp en Jellum-Bears stean der klear foar, de finale sil sa útein sette.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
16:38

Dronryp nei de finale

Dronryp giet nei de finale! Op 5-4/6-2 wit opslagger Van Beem de bal binnen te slaan.
Rypsters Jorn Lars van Beem, Rick Minnesma en Rutger Kumbangsila sille it yn de finale opnimme tsjin Harold de Boer, Jelmer Miedema en Wiebe Siemen Leenstra fan Jellum-Bears.
Sjoch nei de lêste slaggen fan de heale finale:
16:33

Dronryp op foarsprong

De Rypsters lykje wer wekker. Verry van der Meer jout Van Beem in kadootsje, en Dronryp stiet wer foar: 5-4.
16:28

Comeback foar Sint-Jabik

Op 4-3/6-4 is it opnij Van Beem dy't de bal bûten slaat. It stiet wer lyk: 4-4.
16:21

Dochs wer spannend

De spanning komt werom yn de heale finale. Van Beem slacht de bal op 4-2/6-6 bûten en Sint-Jabik komt dus werom op 4-3.
16:15

Sint-Jabik hat it swier

Sint-Jabik hat it net by de opslach, der giet geregeld in bal bûten. De Rypsters makken dêr goed gebrûk fan en rûnen út nei 4-1. Sint-Jabik koe dêrnei wol werom komme op 4-2, mar hat it lestich.
16:03

Dronryp rint út

Dronryp rint út. Nei't it al op 2-1 kaam, sloech Verry van der Meer op 2-1/6-2 bûten: 3-1.
15:52

Alles yn lykwicht

Dronryp pakte it earste earst, mar Sint-Jabik komt ek fuort werom: 1-1.
15:47

Heale finale is los

De heale finale fan de Freule is los! Jo kinne de heale finale ek live sjen.
Sint-Jabik en Dronryp stride om in plakje yn de finale, wêryn't se it opnimme sille tsjin Jellum-Bears.
Sint-Jabik en Dronryp yn de heale finale © Omrop Fryslân, Aise van Beets
15:27

Heale finale

Heale finale

35. Sint-Jabik 14. Dronryp
30. Jellum-Bears Steand nûmer
15:25

Jellum-Bears ferrast en is troch nei de finale

Jellum-Bears wit te ferrassen troch yn de fjirde omloop favoryt Boalsert mei 5-3/6-4 te ferslaan.
It partoer hat in steand nûmer, en is dus de earste finalist.
15:18

Dronryp nei heale finale

Topfavoryt Dronryp is troch nei de heale finale. De Rypsters kamen yn de fjirde omloop op in 4-2 foarsprong, mar de Frjentsjerters fochten harren werom nei 5-4. Op 5-4/6-6 pakte Dronryp dochs wer it earst.
Frjentsjer kaam yn it lêste earst op 4-0, mar Dronryp pakte troch en kaam op 4-6, troch boppeslaggen fan Jorn Lars van Beem. Troch in kweaslach fan Rick Minnesma kaam alles oan 'e hang.
Van Beem mocht opslaan. Hy krige de bal werom, mar koe de bal de hoeke yn retournearje en sa it heale finaleplak pakke.
14:57

Sint-Jabik nei de heale finale

Sint-Jabik is de earste heale finalist. It wint mei 5-3/6-0 fan Reduzum en hat in steand nûmer yn de tredde omloop.
Frjentsjer en Dronryp stride om it oare plakje yn de heale finale, sy hâlde it spannend.
14:10

Utslaggen fjirde omloop

Frjentsjer, Dronryp, Jellum-Bears en Boalsert keatse yn de fjirde omloop © Omrop Fryslân, Aise van Beets

Fjirde omloop

2. Frjentsjer 14. Dronryp 5-5 6-6
19. Boalsert 30. Jellum-Bears 3-5 4-6
35. Sint-Jabik Steand nûmer
14:02

Utslaggen tredde list

Tredde omloop

2. Frjentsjer 4. Wytmarsum 5-5 6-2
8. Stiens 14. Dronyp 0-5 0-6
18. Raerd 19. Boalsert 3-5 4-6
23. Ingelum 30. Jellum-Bears 2-5 4-6
32. Reduzum 35. Sint Jabik 3-5 0-6
14:00

Frjentsjer makket it spannend

Frjentsjer en Wytmarsum makken it spannend. De Frjentsjerters joegen in 5-2 foarsprong fuort, ûnder oaren troch fouten by de opslach. Op 5-5/6-2 pakten se dochs de winst.
Frjentsjer en Wytmarsum © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Ek Jellum-Bears is troch nei de folgjende omloop. It partoer wûn mei 5-2/6-4 fan Ingelum. Favoryt Boalsert wie mei 5-3/6-4 te sterk foar Raerd.
13:05

Dronryp nei de fjirde list

Dronryp hat gjin muoite mei Stiens (5-0/6-0) en is troch nei de fjirde list.
Dronryp yn de partij tsjin Stiens © Omrop Fryslân, Aise van Beets
12:37

Utslaggen twadde omloop

Twadde omloop

39. Berltsum 2. Frjentser 5-5 6-6
4. Wytmarsum 5. Sint-Anne 5-0 6-4
8. Stiens 9. Moarre-Ljussens 5-5 6-6
11. Baard 14. Dronryp 1-5 6-6
16. Spannum 18. Raerd 1-5 6-6
19. Boalsert 22. Tsjom 5-5 6-4
23. Ingelum 26. Bitgum 5-3 6-0
28. De Hommerts-Jutryp 30. Jellum-Bears 2-5 0-6
32. Reduzum 33. Menaam 5-4 6-2
35. Sint Jabik 38. Lollum-Waaksens 5-2 6-6
12:35

Tsjom is klear

Tsjom, ien fan de grutte kânshawwers neffens ferslachjouwer Geert van Tuinen, is klear. It ferlear mei 5-5/6-4 fan oare favoryt Boalsert.
12:15

Berltsum en Moarre kinne dûse

Berltsum, ferline jier noch ferliezend finalist, giet der op 5-5/6-6 ôf tsjin Frjentsjer:
Ek by de partij tusken Stiens en Moarre-Ljussens kaam 'alles oan 'e hang', dêr pakte Stiens de winst.
11:30

Dronryp troch nei de tredde list

Dronryp en Baard kamen faak op 6-6, mar it wiene hieltyd de Rypsters dy't de buordsjes pakten. Se winne dan ek mei 1-5/6-6.
11:00

Utslaggen earste omloop

Kânshawwers Dronryp (5-2/6-2 oerwinning op Wommels) en Boalsert (5-2/6-4 winst op Nijewier) binne sûnder al te folle swierrichheden troch nei de twadde list. Tsjom like op wei nei in maklike oerwinning, mar liet Eksmoarre werom komme ta 4-5. Op 6-6 makke Tsjom lykwols dien wurk. Ingelum hie mei 5-0/6-0 gjin muoite mei Kimswert.
Dit binne de útslaggen fan de earste omloop:

Earste omloop

1. Folsgeare 2. Frjentsjer 2-5 2-6
3. Grou 4. Wytmarsum 0-5 6-6
5. Sint-Anne 5. Reahûs-Turns 5-3 6-6
7. Easterwierrum 8. Stiens 0-5 4-6
9. Moarre-Ljussens 10. Ljouwert 5-4 6-4
11. Baard 12. It Hearrenfean 5-1 6-4
13. Wommels 14. Dronryp 2-5 6-6
15. Easterein 16. Spannum 0-5 4-6
17. Arum 18. Raerd 2-5 4-6
19. Boalsert 20. Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk 5-2 6-4
21. Eksmoarre 22. Tsjom 4-5 6-6
23. Ingelum 24. Kimswert 5-0 6-0
25. Rie 26. Bitgum 0-5 4-6
27. Itens 28. De Hommerts-Jutryp 3-5 0-6
29. Gaast-Ferwâlde 30. Jellum-Bears 0-5 2-6
31. Makkum 32. Reduzum 1-5 2-6
33. Menaam 34. Winsum 5-2 6-2
35. Sint Jabik 36. Seisbierrum-Pitersbierrum 5-0 6-2
37. Balk 38. Lollum-Waaksens 2-5 4-6
39. Berltsum Steand nûmer
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
09:26

Earste slaggen

09:17

De Freule is los

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
09:03

It fjild leit oarsom

Ferslachjouwer Geert van Tuinen is yn Wommels. "It jout fansels in hiele oare oanblik sûnder tribunes en der is in coronakontrôle by de yngong. Mar foar elke keatser mei der in beheind oantal famyljeleden by wêze, mar se moatte wol op de list stean."
It 'Freulegefoel' hie er net, oant er op it fjild stapte. "Ik sjoch de jonges oan it ynslaan en dan komt dat gefoel wol wer, der wurdt yn alle gefallen keatst."
De grutste feroaring is wol dat it fjild oarsom leit . "Dat is noch noait earder sa dien, mar no wol om romte yn de breedte te krijen." Kânshawwers binne neffens him de partoeren fan Dronryp, Boalsert, Ingelum, Tsjom en Berltsum.
Ferslachjouwer Geert van Tuinen
09:02

Lotting

It partoer fan Dronryp, de grutte favoryt foar de Freulepartij, treft Wommels op de earste omloop. Dat is de útkomst fan de lotting foar de 118e Freulepartij, dy't woansdeitejûn yn Wommels wie. Dronryp hat fjouwer fan de seis ôfdielingswedstriden wûn dit jier.

Lotting

1. Folsgeare 2. Frjentsjer
3. Grou 4. Wytmarsum
5. Sint-Anne 5. Reahûs-Turns
7. Easterwierrum 8. Stiens
9. Moarre-Ljussens 10. Ljouwert
11. Baard 12. It Hearrenfean
13. Wommels 14. Dronryp
15. Easterein 16. Spannum
17. Arum 18. Raerd
19. Boalsert 20. Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk
21. Eksmoarre 22. Tsjom
23. Ingelum 24. Kimswert
25. Rie 26. Bitgum
27. Itens 28. De Hommerts-Jutryp
29. Gaast-Ferwâlde 30. Jellum-Bears
31. Makkum 32. Reduzum
33. Menaam 34. Winsum
35. Sint Jabik 36. Seisbierrum-Pitersbierrum
37. Balk 38. Lollum-Waaksens
39. Berltsum
09:00

39 partoeren op de list, gjin tribunen

"Uteinlik steane der 39 partoeren op de list. Dat is in moai oantal, nettsjinsteande de coronakrisis. It binne mar twa partoeren minder as ferline jier," seit foarsitter Tjeerd Dijkstra grutsk.
"Sneon steane der gjin tribunen en der is ek net in tocht troch it doarp mei it korps. De 5.000 taskôgers binne der dus net. Wol hawwe wy de flagge op de toer en lizze wy in blomke. Moarns om 9.00 oere sette wy útein mei de earste partij. "
08:55

Wolkom by De Freule!

Folgje hjir alles oer De Freule, de wichtichste keatspartij fan it jier foar jonges tusken de 14 en 16 jier. De wedstriden binne yn Wommels. Fan 13.00 oere ôf stjoere wy De Freule ek live út, op de webside en de Omrop-app.