Twa twivelgefallen foar Hearrenfean-trainer Johnny Jansen foar wedstriid yn Sittard

Hearrenfean-trainer Johnny Jansen twivelet noch oer twa posysjes yn syn opstelling foar de wedstriid tsjin Fortuna Sittard. "Het spijt me, maar ik kan de elf nog niet geven." It is noch ûnwis oft Mitchell van Bergen meidwaan kin, al liket dat de goeie kant op te gean. "Normaal speelt Van Bergen."
Johnny Jansen
It oare twivelgefal is Ibrahim Dresevic. De Kosovaar foel ferline wike yn de rêst út mei in ankel-blessuere. As Dresevic net spylje kin, dan docht de nijkommer Jan Paul van Hecke mei. De ferdediger waard freed definityf presinteard en wurdt foar in jier hierd fan Brighton and Hove Albion. Tiisdei waard Ulysses Llanez oernaam fan Wolfsbrug, mar hy mei sneon noch net meidwaan.
Opstelling (nei alle gedachten): Mulder; Floranus, Dresevic, Bochniewicz, Woudenberg; Kongolo, Joey Veerman, Batista Meier; Van Bergen, Henk Veerman en Van der Heide.
Hearrenfean wûn ferline wike de earste kompetysjewedstriid fan WillemII mei 2-0. Nei seis nederlagen yn de tarieding sjocht der wrâld der ynienen wer hiel oars út foar Hearrenfean. Jansen: "Nou ja, weet je, daar zijn we eigenlijk niet eens zo zeer mee bezig. We kijken al weer verder. Kijken naar hoe we willen verbeteren. Maar laat het duidelijk zijn, deze start is wel heel positief. Een hele opluchting."

Counterploech of net?

Hearrenfean spile tsjin Willem II hiel kompakt mei in soad minsken efter de bal. De fraach dy't nei boppe komt is oft Hearrenfean no in counterploech hat. "Ja weet je, ik dacht al, die vraag zal ik misschien wel krijgen. En ja, misschien wel. Maar aan de andere kant: Spelen we nou echt zo anders als vorig jaar? Ik denk het niet. Maar we spelen nu heel compact, vanuit de organisatie en we zetten nu eerst de verdediging goed neer. En tja, als mensen dat nu zien als een counterploeg, ach nou ja, ik snap dat wel. Maar we willen vanuit dat compact spelen verder bouwen. Beter verdedigen vanuit daar beter gaan voetballen."
De wedstriid Fortuna Sittard-Hearrenfean wurdt sneon om 21.00 oere live útstjoerd. Om 16.30 is de wedstriid TOP Oss-SC Cambuur ek live te folgjen. It is Super Sneon, want ek de Freule en it NK Fierljeppen binne live by us op de radio, mar ek op tv.