Omrop TIP: it NK Fierljeppen en De Freule live te folgjen by Omrop Fryslân

In op-en-top sportsneon yn Fryslân. Sa meie we sneon 19 septimber wol neame. Mei it NK Fierljeppen yn Burgum en de 118e edysje fan de Freule in Wommels. En ek beide Fryske betelle fuotbalklups komme yn aksje. Omrop Fryslân is der fansels live by. Sa is it NK Fierljeppen fan 13.30 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân TV en de Freule is fan 13.00 oere ôf live te sjen op omropfryslan.nl en de omropapp. Fansels is ek op radio omtinken foar dy twa sporteveneminten. Dêrneist binne wy op sneon by útwedstriden fan SC Cambuur en SC Hearrenfean.
© Omrop Fryslân

NK Fierljeppen

Nei it FK Fierljeppen twa wike lyn is it sneon tiid foar it Nederlânsk Kampioenskip. De 24 sterkste Friezen en de 24 bêste fierljeppers fan bûten Fryslân stride yn Burgum tsjin inoar om de nasjonale titels. Ferline jier gienen fjouwer fan de fiif gouden medaljes nei Hollân.
Foarutblik NK Fierljeppen

De Freule

De Freule yn Wommels is in wichtige keatspartij foar de jonges fan 14 oant 16 jier en fynt gewoanwei alle jierren begjin augustus plak. Troch de coronamaatregels is de partij dit jier ferpleatst nei 19 septimber. Der is dit jier, útsein gasten, gjin publyk wolkom yn Wommels.
Ferline jier wûn it partoer fan Winsum, besteande út Hessel Postma, Gosse de Haan en Jelke Greidanus, de Freule. De grutste favoriten foar de Freule dit jier binne Dronryp, Boalsert en Tsjom. Der komme 39 partoeren nei Wommels om te striden om de gouden klokjes.
Foarutsjen op Freule
Sneon 19 septimber is it NK Fierljeppen fan 13.30 oere ôf live te folgjen op telefyzje by Omrop Fryslân. Sa no en dan wurdt der skeakele mei de Freule yn Wommels. It keatsen is fan 13.00 oere ôf folslein te folgjen fia de stream op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Sa gau't it fierljeppen ôfrûn is, skeakelet telefyzje oer nei de Freule.
Op Omrop Fryslân Radio is yn Sneon yn Fryslân ek omtinken foar it NK Fierljeppen en de Freule. Ek binne wy by TOP Oss - SC Cambuur. Dy útstjoering duorret oant al dy wedstriden ôfrûn binne. Jûns fan 21.00 oere ôf is der in ekstra sportprogramma op de radio mei live ferslach fan Fortuna Sittard - SC Hearrenfean.