Fryske middelbere skoallen sjogge skrassen fan praktykeksamens net sitten

Fryske middelbere skoallen kinne harren net fine yn de oprop fan Stichting Platforms Vmbo (SPV). Dy wol dat de praktykeksamens op vmbo-skoallen skrast wurde.
vmbo praktykeksamens skrasse
It Bogerman, Nordwin College en RSG Simon Vestdijk sizze allegear dat se der noch net op dizze wize oer neitocht ha. Syde de Jong, lokaasjedirekteur fan de skoalle fan Simon Vestdijk yn Frjentsjer, fynt dat it statement fan de SPV te betiid komt. "Het is nog wat vroeg in het jaar. Het is natuurlijk afhankelijk van wat er in de loop van dit schooljaar allemaal gaat gebeuren."

Praktyklessen mist

De learlingen hawwe troch de coronakrisis mear as trettjin wiken praktyklessen mist. De skoalle wol earst sjen oft dizze achterstannen yn te heljen binne. "We hebben nog geen duidelijk beeld van de situatie. We zijn ook nog maar vier weken los, dus we moeten echt even bekijken hoe het gaat lopen. Maar de examens meteen schrappen, daar hebben we nog niet over nagedacht."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De learlingen fan RSG Simon Vestdijk hoopje dat de eksamens wol trochgean kinne. "Ik soe it hiel spitich fine as it net sa is. Je kinne it dan net ûnderfine lykas oaren dat dien ha", seit learling Britte. Elise slút har dêr by oan. "Het praktijkexamen is leuk en je kunt het redelijk makkelijk halen. Het zou zonde zijn van onze tijd als we geen examens hebben."

Efterstân te grut

Stichting Platform Vmbo seit dat de foarstellen, om de praktykeksamens net trochgean te litten, benammen by de learkrêften sels weikomme. De efterstân soe troch de trettjin wiken te grut wêze om de eksamens te dwaan, mar neffens dosinte Jacqueline Veenstra is dat net it grutste probleem. "Je kan het wel inhalen, maar je zit met die afstand. Dat is het grootste probleem."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Troch de ôfstânsregels kinne de dosinten de bern net goed helpe mei de praktyklessen. Dan is it dreech om de bern goed ta te rieden op de praktykeksamens. "Met EHBO bijvoorbeeld, dan kunnen we daar niets voor doen. We kunnen niet eens een enkel verbinden. Ik vind het heel moeilijk", seit Veenstra. Sy hopet dat de eksamens takom jier yn maart of april trochgean kinne, as it nedich is yn oanpaste foarm.

Oanpaste foarm

De VO-raad soe de eksamens ek graach yn oanpaste foarm sjen wolle. Direkteur Syde Jong kin him dêr ek wol yn fine. "Het helemaal schrappen is een optie, maar dat staat nog niet vast. Er zijn zeker ook andere oplossingen te bedenken. Het lijkt mij goed dat wij binnen de provincie eens onderling contact gaan opnemen om te kijken hoe de andere scholen dit aanpakken."