Liveblog | 17 septimber 2020

LIVEBLOG: Keninklike besite oan Fryslân

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima binnne tongersdei op wurkbesite yn Fryslân.
Bywurke: 18 septimber 2020, 13:47
tongersdei 17 septimber 2020
17:30

Ein

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog.
Besjoch hjirûnder de útstjoering:
FIDEO: keninklik besite oan Súdeast-Fryslân
17:00

Ynterview mei Hendrik Galema (AJF) en René Nagelhout (SKS)

LIVEBLOG: Keninklike besite oan Fryslân
16:43

Neipetear

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
16:00

De Feanhoop oankomst

LIVEBLOG: Keninklike besite oan Fryslân
15:59

De kening en keninginne by De Feanhoop

15:57

It Frysk liket op it Ingelsk

Ferslachjouwer Gerrit de Boer prate nei ôfrin fan de keninklike besite oan de Fryske les mei dosint Ynke Veenstra en mei in learling. Yn de les waarden de wurdsjes 'dei' en 'dêr' bepraat. Dy kamen de gasten bekend foar omdat it op it Ingelsk liket. Fierders fertelden de learlingen wêrom't se foar it fak Frysk keazen hiene.
Dosint Frysk Ynke Veenstra en learlingen Esra ten Hoorn en Jeike Hooghiemstra
15:50

Ynterview mei dosint en mei learling Singelland

LIVEBLOG: Keninklike besite oan Fryslân
15:45

Keninklik Hûs twitteret yn it Frysk

It offisjele twitteraccount fan it Keninklik hûs docht ek ferslach fan de streekbesite fan de kening en de keninginne. Dat bart foar in part yn it Frysk. Oan it begjin fan de streekbesite oan Súdeast-Fryslân melde it Keninklik Hûs op twitter dat de besite "yn it teken stiet fan de takomst fan de provinsje Fryslân, mei de klam op duorsumens, de lânbousektor en de Fryske taal en kultuer."
En doe't Willem-Alexander en Máxima op it Drachtster Lyceum wiene, melde it account: Frysk is in offisjele taal. It Keninklik Pear is by in part fan in les Frysk fan learlingen fan it OSG Singelland. Dêrnei prate sy mei fertsjintwurdigers fan organisaasjes dy't de posysje fan de Fryske taal fuortsterkje.
15:40

Sfearferslach besite op de tredde lokaasje skoalle Singelland yn Drachten

LIVEBLOG: Keninklike besite oan Fryslân
15:20

De kening riedt it wurd

15:15

Fryske les op skoalle yn Drachten

Hûnderten bern stiene foar op it gersfjild by skoalle OSG Singelland Drachten foto's te meitsjen fan Willem-Alexander en Máxima. Yn in lokaal krigen de kening en de keninginne Fryske les. Skoalmaster is kommissaris Arno Brok.
Hayo Bootsma docht 'op biljertwedstriidtoan' ferslach fan de Fryske les
15:07

Willem-Alexander en Máxima wurde as popstjerren ynhelle yn Drachten

14:45

Ferslach besite twadde lokaasje: tsiisbuorkerij op 'e Tynje

LIVEBLOG: Keninklike besite oan Fryslân
14:26

Keninginne Juliana krige earste Riperkritetsyske, Willem-Alexander kriget no ek ien

© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei tsiisboer Sietse de Jong fan De Deelen. Willem-Alexander syn beppe (keninginne Juliana) krige yn it ferline it earste Riperkritetsyske ea oanbean. No hawwe Willem-Alexander en Máxima ek sa'n tsyske krigen.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei tiisboer Sietse de Jong fan De Deelen by de Tynje
14:00

Máxima oan tafel mei de agraryske jongerein

Máxima oan tafel mei agraryske jongerein op 'e Tynje © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It petear giet oer problemen fan de jongerein yn de lanbou. Bedriuwsoername is en bliuwt in útdaging. Hoe kinne je ynvestearje? Dêr komt noch by dat it net goed giet mei de ôfset fan poaters. In soad binne net geskikt foar de eksport.
Fierders gie it oer de problemen yn it feangreidegebiet. De boeren wolle dat der in goed ûndersyk komt nei wat der te dwaan is tsjin de grûndelgong. En der moat mear harke wurde nei jonge boeren. Máxima stjoert oan op gearwurking by ûndersyk nei oplossings foar it feangreidegebiet.
Kening Willem-Alexander liet witte grutsk te wêzen op de boeren. Seker no yn dizze tiid, dat dúdlik wurdt dat it gjin goede saak is ôfhinklik te wêzen fan it bûtenlân.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma
13:25

Tsiisbuorkerij op 'e Tynje

It keninklik selskip is oankaam op de tsiisbuorkerij De Deelen op 'e Tynje. It is in wat apart gesicht: Máxima rint op hege hakken troch de stâl, wylst de kij de koppen troch de stekken stekke om te fretten en de katten oeral tuskentroch rinne. Yn de tsiisbuorkerij praat it keninklik pear mei de eigener Sietse de Jong en mei jonge boeren.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma
13:22

De Tynje oankomst

LIVEBLOG: Keninklike besite oan Fryslân
13:10

It pear komt oan op de folgjende lokaasje, tsiisbuorkerij De Deelen op 'e Tynje

12:30

Ferslach besite earste lokaasje keninklik pear: yn Easterwâlde

LIVEBLOG: Keninklike besite oan Fryslân
12:10

Griene buizen mei grûn

Op harren besite oan Easterwâlde hawwe de kening en de keninginne harren byprate litten troch studinten fan Van Hall Larenstein oer grûnûndersyk. Dêrfoar giene Willem-Alexander en Máxima op it terrein fan ECOmunityPark by griene buizen del. Se ferpleatsten har op de fyts op it terrein. De grûn dêryn foarmet in biotoop op himsels en wurdt ûndersocht, fertelt in studint. It is de earste streekbesite fan de kening en de keninginne sûnt de coronakrisis. Dêrom is yn 't foar net bekend makke wêr't se hinne gean. Yn Easterwâlde stiene twa minsken oan de kant te swaaien.
11:20

Skema is foar in diel geheim

Fanwege it coronafirus de besite oars as oars, it skema is foar in grut diel noch geheim. "Op it lêste momint sil pas dúdlik wêze wêr't de kening en de keninginne op besite komme", leit Arno Brok út. "By de besites sels jilde ek de regels fan it RIVM."
11:20

Ferstân fan erfopfolging

De earste besite fan it keningspear wie oan ECOStyle. De eigener en syn dochter fertelden oer de skiednis fan it treddegeneraasjebedriuw. Neffens de kening hat hy ek wol ferstân fan erfopfolging.
De keninginne wie goed ynformearre oer de situaasje, se hie goed troch hoe't it bedriuw yninoar stuts en stelde ek in soad fragen, bygelyks oer hoe't je sa'n bedriuw draaiende hâlde yn in merk mei in soad konkurrinsje.
Ellen van Selm, de boargemaster fan Opsterlân, sil hjirnei mei it keningspear yn petear: "Wij gaan het hebben over het verhaal van deze streek, over een aantal mensen die het beste verbeelden waar onze regiodeel voor staat. Ik hoop op scherpe vragen, want wij zijn goed voorbereid, het wordt een leuk gesprek."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma
10:56

Oankomst yn Easterwâlde

De Kening en Keninginne binne oankaam yn Easterwâlde © Gerrit de Boer, Omrop Fryslân
10:53

Oankomst Willem-Alexander en Máxima yn Easterwâlde

LIVEBLOG: Keninklike besite oan Fryslân
10:52

"Willem-Alexander fielt him fuortendaliks thús"

Ferslachjouwer Hayo Bootsma
10:51

Se binne der

It keninklik pear is oankaam op de earste bestimming: yn Easterwâlde. Se binne dêr op it ECOmunitypark. Earst krije se by it bedriuw ECOStyle in rûnlieding en útlis oer wat der allegearre bart oan duorsumens.
10:46

"Oan ús de eare yn Fryslân"

In bysûndere dei foar Fryslân, en ek foar kommissaris fan de Kening Arno Brok. "De kening en de keninginne bringe alle jierren in oantal streekbesites yn it lân. Yn coronatiid barde dat net. Dit is wer de earste kear dat it keningspear sa'n streekbesite oppakt. Oan ús dus de eare yn Fryslân", seit Brok.