Opposysjepartijen Tytsjerksteradiel twivelje oan yntegriteit wethâlder Hoekstra

Opposysjepartijen VVD, PvdA, GrienLinks en Partij voor de Boeren yn Tytsjerksteradiel twivelje oan de yntegriteit fan sportwethâlder Gelbrig Hoekstra. Yn in spoeddebat prate de ried woansdeitejûn oer de gong fan saken oangeande de nije sporthal yn Burgum en de ferkeap fan de âlde kantine fan VV Burgum. Hoekstra soe in dûbelde pet op ha.
De riedsleden fan Tytsjerksteradiel sieten yn de riedseal fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Willem de Vries
De nije fúzjeklup FC Burgum hat himsels ynkocht yn de nije sporthal en is de útbater fan de kantine. De âlde kantine fan VV Burgum is kocht troch de gemeente, om te brûken as azc-skoalle. Benammen de VVD helle woansdei yn it spoeddebat hurd út nei de wethâlder. Hoekstra soe wichtige ynformaasje efterholden ha en de ried te let ynformearre ha.

Wethâlder én haadsponsor

"Der binne in protte fragen by de ried", seit Sjaak Hoekstra, fraksjefoarsitter fan de VVD. "We woene har graach it poadium jaan om dêr antwurd op te jaan. As der neat fan wier is, dan kin se dat rjochtsette."
Der wurdt twivele oan de yntegriteit fan de sportwethâlder om't se earst haadsponsor wie fan de fuotbalklup yn Burgum. Sjaak Hoekstra: "As je no sjogge hoefolle jild oft dêrhinne giet... We kinne it ferbân net direkt lizze, mar we ha der wol fragen oer."

"Benaud foar de wierheid"

De antwurden dy't Sjaak Hoekstra fan wethâlder Hoekstra ha woe, binne der net kaam, fynt er. "Wierskynlik is se benaud foar de wierheid. Mar we binne folwoeksen minsken." Om him hoecht der net net in riedsûndersyk te kommen. "It is allegear gewoan parate kennis fan de wethâlders. Dêr hoege we op dit stuit net 70.000 euro achteroan te smiten. Dat is skande fan it jild."

"Krijgen onderste steen niet boven"

Ek de PvdA is kritysk oer de gong fan saken. "We hebben al heel veel vragen hebben gesteld over dit onderwerp en de geldstromen, maar we krijgen niet de onderste steen boven", leit PvdA-fraksjefoarsitter Saskia van der Werf út.
"Als wethouder heb je verantwoording af te leggen en vragen te beantwoorden. Daar was dit podium heel goed voor. Juist nu had die integriteit een hele andere kant op kunnen gaan", seit Van der Werf. In miste kân neamt se it. Om de PvdA hoecht der lykwols ek gjin riedsûndersyk te kommen.
Fraskjefoarsitters Sjaak Hoekstra (VVD) en Saskia van der Werf (PvdA)
Bou fan sporthal de Nije Westermar © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Wethâlder Gelbrig Hoekstra sels wie ferrast, sei se. "Ik hear dat der in protte fragen binne. Dat fyn ik bysûnder, want it proses is al in hiel ein." Se seit de fragen graach beäntwurdzje te wollen. "We ha ús best der ek hiel bot foar dien, dus myn doar stiet alle dagen iepen. Ik fyn it in geweldich projekt en ik bin der hiel grutsk op."

Net transparant genôch

Dochs wurdt Hoekstra ferwiten dat se net transparant genôch is. "Yn de rin fan it projekt ha we de ried wol in tal kearen ynformearre. Alle gegevens en ûntwikkelings binne mei de ried dield", leit se dêroer út. "No hat de ried noch fragen, dus dan jou ik dêr antwurden op. It is in moai projekt en we hawwe der in soad oer te fertellen. We hawwe it ek mei de mienskip dien, dus ik tink dat it goed is dat we dat goed foar it fuotljocht bringe."
Fan in dûbelde pet is neffens Gelbrig Hoekstra gjin sprake. "Dat lit ik mar even by deselde dy't dat sein hat. mar ik werken it net." Se hopet dat der gau wer oer de ynhâld fan it projekt praat wurde kin. "As we mar wer fierder kinne."

"It waard hiel persoanlik"

Boargemaster Gebben spruts fan in 'tumultueus' debat. "Ik wie wol ferrast troch de toan. Te hurd fyn ik net it goede wurd, mar it waard hiel persoanlik. Je hoege it echt net mei elkoar iens te wurden, mar ik ha der as foarsitter wol muoite mei dat je it sa persoanlik meitsje."
De yntegriteit fan it folsleine kolleezje waard ta diskusje steld. "Ik ha gjin oanlieding om dêroan te twiveljen", seit Gebben. Hy is ferromme dat der gjin riedsûndersyk komt. "It kolleezje is ree alle fragen dy't der lizze te beäntwurdzjen. Mar dan moat de toan wol oars, want it moat om de ynhâld gean."
Wethâlder Gelbrig Hoekstra (CDA) en boargemaster Gebben