Frysk Europarlemintariër entûsjast oer koers Von der Leyen: ynvestearje

De Europeeske Kommisje wol flink ynvestearje yn de takomst en de ûnwissichheid troch it coronafirus fuortnimme. Dat sei foarsitter Ursula von der Leyen woansdei in de jierlike State of the Union, in soart fan Europeeske Troanrede.
Ursula von der Leyen by de State of the Union © ANP
Europarlemintariër Jan Huitema fan de VVD is wiis mei it boadskip fan Von der Leyen. "We moatte it jild brûke om banen te kreëarjen en ek sjen hoe't we ynvestearje kinne yn ynnovaasje", seit de boer fan Makkingea. "Want we moatte sjen wêr't we goed in binne: dat is kennis en ynnovaasje. En dat siet ek yn de speech."

Sjen nei nije wizen fan enerzjyfoarsjenning

Dat is ek direkt anneks mei in oar wichtich ûnderwerp: duorsumens. "We moatte bygelyks sjen nei nije wizen fan enerzjyfoarsjenning, lykas wetterstof. Dat is goed foar it klimaat, mar ek foar de bedriuwichheid yn Nederlân en Fryslân."
Europa hat him de lêste jierren faker útsprutsen foar in stevich klimaatbelied, bygelyks mei de 'Green Deal'. "De EU wol as earste klimaatneutraal wêze yn 2050", seit Huitema. "Dêr steane eins alle lannen wol goed tsjinoer en de bedriuwen ek. Von der Leyen hat hjoed sein: wolle we dat helje, dan moatte we yn 2030 al 55 persint minder CO2 útstjitte. Dat is goed, dat net allinnich Nederlân wat docht oan it klimaat, mar de hiele EU."

Gearwurkje tsjin it coronafirus

Wat Von der Leyen - én Huitema - oanbelanget wurkje de EU-lannen ek better gear op it mêd fan it coronafirus. "Yn Nederlân meie we no net nei de Grykske eilannen reizgje, fanwege koade oranje. Mar foar Dútsers is dat koade giel, dat is dus hiel apart. En we ha sjoen dat der tekoarten binne fan bygelyks mûlkapkes. Von der Leyen makket har der hurd foar dat der foarrieden binne fan mûlkapkes en medisinen, en dat der jild giet nei de ûntwikkeling fan in faksin."