Brânwacht en bisteambulânse rêde swan yn Drachten

De diereambulânse en de brânwacht hawwe woansdeitemiddei yn Drachten in swan út it wetter rêden. De fûgel wie der min oan ta. Minsken seagen him yn de reiden oan de Nipkowlaan lizzen en skeakelen de ambulânse yn.
© De Vries Media
It ambulânsepersoniel koe net goed by de swan komme en rôp de help yn fan de brânwacht fan Oerterp. De brânwacht hat de grutte fûgel gau út de reiden weihelle.
Nei alle gedachten hat it bist in sykte ûnder de lea en is er dêrom sa min. It personiel fan de diereambulânse hat de swan nei de Fûgelhelling yn Oerterp brocht.