Corlienke de Jong (FNP) koe polityk net langer kombinearje mei wurk en priveelibben

De FNP kin grutsk wêze op wat Corlienke de Jong berikt hat yn de Fryske polityk. Dy wurdearjende wurden spruts kommissaris fan de Kening Arno Brok woansdei by it ôfskie fan de FNP-fraksjefoarsitter. De Jong hat it as fraksjefoarsitter sûnt 2015 mei mooglik makke dat de FNP 'as iennichste regionale partij fan Nederlân' op 'e nij yn it kolleezje fan Deputearre Steaten kaam en ek bliuwe koe.
Corlienke de Jong (FNP) koe polityk net langer kombinearje mei wurk en priveelibben
De Jong naam yn it simmerreses it beslút om nei fiif jier út de provinsjale polityk te stappen. Dat beslút kaam foar in soad steateleden ûnferwachte, want De Jong die har wurk as steatelid altyd mei in soad nocht en ynset. "Foar oaren kaam it mooglik ûnferwachte, mar ik rûn der sels al moannen mei om", fertelt De Jong nei de tiid.

60 oeren wyks is net fol te hâlden

De lockdown fan dizze maaitiid hat De Jong bot oan it tinken set oer de balâns tusken wurk en privee. De Jong wurket as dosinte oan it Friesland College en moast bot wenne oan it digitaal begelieden fan har learlingen. "Guon haw ik yn gjin moannen mear sjoen. Dat giet my oan it hert."
Corlienke de Jong waard wurdearjend tasprutsen troch kommissaris Brok © Omrop Fryslân
De kombinaasje mei de provinsjale polityk foel har hieltiid swierder. "Ik wurkje 32 oeren by it Friesland College en wie alle wiken seker ek 30 oeren dwaande mei de provinsjale polityk. Dat wie net mear fol te hâlden."

Taalskipper

Kommissaris fan de Kening Arno Brok fynt it spitich dat De Jong opstapt. Hy komplimintearre De Jong mei har grutte ynset foar it heitelân 'fol passy'. "Eins wiene jo de ôfrûne jierren de taalskipper fan Fryslân. Jo wiene dat yn alle gefallen foar my", sei Brok. Hy priizge fierder ek it fleurich aard fan De Jong en har kreaze jurken.

Mûsstil

It ôfskied fan De Jong ferrûn net sûnder emoasje. By it ferhaal fan Corlienke de Jong wie it mûsstil yn de fergaderseal en der wiene ek ferskate steateleden en deputearren dy't mei frou De Jong meirûnen om noch even persoanlik ôfskied fan har te nimmen. Fûstkje en omearmje mocht fansels net, mar der wiene in soad blommen foar De Jong en ek oare presintsjes. Koartsein: dat ôfskied taaste net allinnich Corlienke de Jong, mar ek ferskate steateleden en meiwurkers fan de griffy wol even yn it moed.
Blommen en presintjes foar Corlienke de Jong by de yngong fan it Provinsjehûs © Omrop Fryslân
As fraksjefoarsitter is Corlienke de Jong al opfolge troch de folle jongere Sijbe Knol (29) út Sint-Anne. Knol liket minder bestjoerlik ynsteld te wêzen as De Jong en is ek mear út op profilearring. In oar wichtich ferskil mei De Jong is dat Knol fulltime steatelid is. Hy hat der gjin drokke baan by en hat sadwaande de mooglikheid om fulltime mei de polityk dwaande te wêzen.
Neffens De Jong betsjut de wikseling fan de wacht net dat de partij fan koers feroaret. "Dy koers is stabyl. De partij hâldt him oan it kolleezjeprogramma."

"Froulju, jou jim op"

It opstappen fan De Jong betsjut fierder dat de FNP-fraksje de kommende jierren allinnich út manlju bestiet. De Jong wurdt nammentlik yn de fraksje opfolge troch Rein van der Wal út Surhústerfean. "Dat is al misgien by it gearstallen fan de list", seit Corlienke de Jong dêroer. "As der mar twa froulju by de earste acht steane, kin it sa gean. Ik doch dêrom graach in oprop oan FNP-froulju om aktyf te wurden en harren kandidaat te stellen."