Oplossing foar tekoart oan Fryske tolken yn de rjochtbank
Der komt in oplossing foar it tekoart oan tolken Frysk yn de rjochtbank. Op it stuit is der ien tolk Frysk, nammentlik Fedde Dijkstra fan Wurdum, en dat is te min. In spesjale taaltoets moat derfoar soargje dat der ynkoarten sân tolken Frysk binne. Dat hat Deputearre Steaten tiisdei bekend makke oan Provinsjale Steaten.

Troch beëdige tolken en oersetters in taaltoets dwaan te litten foar in oare taal, hoege se net mear it swierdere talittingseksamen foar tolk ôf te lizzen. In tolk Ingelsk, Frânsk of Dútsk soe der maklik it foech foar it Frysk by helje kinne, sa is de redenaasje. It toetsmateriaal is yntusken oerset yn it Frysk en der is in toetsingskommisje beneamd.
Wa't slagget foar de toets kin fuortendaliks beëdige wurde ta tolk Frysk. De provinsje hopet op seis dielnimmers. Sjoen it relatyf lytse oantal saken dat yn it Frysk dien wurdt, moat dit neffens Deputearre Steaten genôch wêze. De provinsje hat 5000 euro beskikber om de dielnimmers finansjeel yn 'e mjitte te kommen.
Memmetaal
Neffens tolk Ammerins Moss is it hiel wichtich dat der tolken Frysk by komme. Sy tolket yn it Ingelsk, mar hat no noch net de papieren om dat yn it Frysk te dwaan, ek al is it wol har memmetaal. "Minsken dy't yn de rjochtbank sitte, dy sitte der al net foar de 'leuk'. Dus dy ha in protte emoasje yn it liif. Se moatte yngewikkelde dingen besprekke mei sa'n rjochter en dat kinst it bêste dwaan yn dyn memmetaal. As der dan in rjochter tsjin dy oer sit dy't de nuânse fan it Frysk net goed ferstiet, dan moat der gewoan in tolk tusken sitte dy't dat dan ek goed oerbringe kin."
Tolk Ammerins Moss