Plysje fynt drugs en munysje by ynfallen yn Ljouwert, trije manlju oanholden

De plysje hat tiisdei yn Ljouwert trije manlju oanholden yn ferbân mei drugshannel of -besit. De oanhâldingen waarden dien nei ynfallen yn twa hûzen yn de stêd, oan de Konvooistraat en de Eikenstraat.
In part fan wat de plysje fûn by de ynfallen © Plysje Ljouwert
Yn de wenning oan de Konvooistraat fûn de plysje in grutte bol heroïne. Yn it hûs oan de Eikenstraat leine 229 boltsjes kokaïne en heroïne en munysje. Dat is allegear yn beslach nommen.
Foar it hanneljen yn drugs hold de plysje in man fan 24 jier út Ljouwert oan. Hy hie ek noch 195 drugsboltsjes by him. Dêrnjonken waard in 46-jierrige man oanholden op fertinking fan drugshannel en in Ljouwerter fan 36 jier foar drugsbesit. Sy sitte allegear fêst.