Wafilin Systems wint Ljouwerter ûndernimmerspriis 2020

De Leeuwarder Ondernemersprijs is dit jier wûn troch Wafilin Systems. It bedriuw út Ljouwert ûntwikkelet en leveret filtersystemen foar de suvel- en fiedingsmiddelyndustry.
© Leeuwarder Ondernemersprijs / Jacob van Essen
Wafilin moast it opnimme tsjin enerzjy-advysburo Ekwadraat en Grenzelooswerk, dat jongeren helpt oan in baan yn it bûtenlân. Dy lêste ûndernimming krige de measte stimmen fan it publyk, mar yn de totale beoardieling skoarde Wafilin it heechst.
De sjuery wie benammen te sprekken oer de kwaliteit yn kombinaasje mei ynnovaasjekrêft en fleksibiliteit fan de winner.