Lêste dei: Hans de Boer hâldt op as foarsitter VNO-NCW

Hans de Boer hâldt nei seis jier op as foarsitter fan de wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. Hy giet mei pensjoen. Ingrid Thijssen nimt it stokje fan him oer.
Hans de Boer © VNO/NCW
Hoe binne De Boer syn lêste dagen? Hy hat it nei eigen sizzen "aardich drok. In soad oprêde en nije wike is dan it offisjele ôfskied."

Gjin praatsjes om niks

De Boer stie yn syn karriêre net bekend as toanbyld fan geduld. "Ik hâld net fan praatsjes om niks. Underhannelingen duorje faak oant djip yn de nacht. As it let wurdt, freegje ik de fakbeweging wolris oft it net in slachje saakliker kin. Wy kinne net fierder springe as ús pols lang is, al haw ik faak wat mear bewegingsfrijheid as de fakbeweging. As ik wit dat ik binnen de perken bliuw, kin ik myn gong gean."

Wêr sjocht er mei tefredenheid op werom?

De Boer neamt it pensjoenakkoart as in mylpeal yn syn wurk foar de wurkjouwersorganisaasje, mar ek de corona-akkoarten.

Politike fersnippering

Grutste feroaring yn dy seis jier is de hieltyd fierdergeande politike fersnippering. "Dan moatst wolris wetter by de wyn dwaan. Ik moast as lobbyist de partijen by del en besykje se allegearre binnenboard te hâlden."
De Boer kin net fuortendaliks ien supertip neame foar syn opfolger, mar komt dan dochs ta it folgjende: "Praat wat minder oer de ynkommens en wat mear oer de ferdieling fan de 'fertsjinkêft'."

Fan 'e strjitte

Ferfele sil er him net, no't er ophâldt mei syn 65e. "Hjir en dêr in ynvestearrinkje hâldt my wol fan de strjitte."
Hans de Boer