Slykferwurkingsplan Wetterskip Fryslân fersânet yn jildkwestje

Wetterskip Fryslân stelt it projekt om de ferwurking fan slyk duorsumer te meitsjen, foarearst út. De kosten rinne sa heech op dat it projekt op dit stuit net útfierd wurde kin. Der wurdt no besjoen oft it yn de takomst wol mooglik is.
Slykferwurkingsplan Wetterskip Fryslân fersânet yn jildkwestje

Hearrenfean net feilich

De ferduorsuming fan de slykferwurking wie ûnderdiel fan in grutte ferbouwing fan de wettersuveringsynstallaasjes fan Ljouwert en It Hearrenfean. De kosten fan benammen de ferbouwing op It Hearrenfean falle folle heger út as ferwachte. It gebou foldocht net mear oan de easken fan brânfeiligens en moat oanpakt wurde. Neffens deistich bestjoerslid Otto van der Galiën fan it wetterskip rinne meiwurkers gjin gefaar, mar wurdt der al oanpast wurke. Sa meie der gjin besikers komme.

Net minder ôffal

Foar it folsleine projekt is 46 miljoen euro reservearre. Sa't it no liket, kostet de ferbouwing op It Hearrenfean allinnich al tusken de 27 en 38 miljoen euro. Mei de kosten fan Ljouwert dêrby, goed 11 miljoen euro, bliuwt der gjin jild oer foar de ferduorsuming.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It wie de bedoeling om de slykferwurking sa oan ta passen dat der minder ôffal ôffierd hoecht te wurden. Ek soe der op It Hearrenfean biogas út it slyk helle wurde kinne. Dêrmei kin waarmte opwekt wurde foar omlizzende bedriuwen, sa't by de ynstallaasje yn Ljouwert bart.

2025 enerzjyneutraal

Wetterskip Fryslân tocht mei de ferduorsumingsplannen in slach te slaan as it giet om miljeufreonlik wurkjen. It doel wie om yn 2025 folslein enerzjyneutraal te wêzen. Dat betsjut dat der like folle enerzjy opwekt wurdt as dat der ferbrûkt wurdt. De oanpassing soe dêr 17 persint oan bydrage. Dochs tinkt Van der Galiën dat de doelstelling helber is. Yn it nije jier komt it bestjoer fan it wetterskip mei nije plannen.
Otto van der Galiën, deistich bestjoerslid by Wetterskip Fryslân