Paulien Vogelzang betinkt sponsorestafette foar har eigen slimme sykte

In estafettetocht yn in scootmobyl: it bart net faak. Mar foar Paulien Vogelzang út Ljouwert kin it net oars. Paulien hat de enerzjy-stofwikselingssykte MITO, in slimme, erflike sykte dy't der foar soarget dat se yn in scootmobyl sit. Se betocht in sponsorestafettetocht om jild yn te sammeljen om in medisyn te ûntwikkeljen.
Paulien Vogelzang betinkt sponsorestafette foar har eigen slimme sykte
Paulien betocht it plan om mear as tûzen kilometer troch Nederlân te riden, yn estafettefoarm. It earste stikje ried se sels fan Ljouwert nei Stiens, dêr't se it stokje oerjoech oan har sweager. Troch elke kilometer sponsorje te litten, wol se jild ynsammelje foar ûndersyk nei in medisyn. Dat is der op dit stuit net, mar it ûndersyk rint al wol. "Dat zit in de laatste fase van de ontwikkeling en die fase kost heel veel geld," seit de inisjatyfnimster. Oant snein wie der 16.000 euro by inoar helle by de Stichting Energy4all.
Vogelzang folbrocht har thúsetappe fanút Ljouwert en joech it estafettestokje yn Stiens oer. "Mijn zwager neemt het stokje over," leit Vogelzang út. "Hij brengt het verder naar Ferwert. Ook daar wonen lotgenoten. Ze fietsen dan veder naar Harlingen en wij brengen het stokje met de auto naar Julianadorp."
De sponsortocht giet oant en mei sneon by allerhanne lotgenoaten del. Under harren ek neibesteanden fan hiel jonge minsken dy't de sykte net oerlibbe ha. Paulien hopet mei de estafette 20.000 euro op te heljen foar it medisynûndersyk.
Paulien Vogelzang