Leystra: "Skoallen moatte it goeie foarbyld jaan troch ôffal te skieden"

Skoallen moatte folle mear dwaan oan it skieden fan ôffal. Dat fynt Esther Leystra fan Dokkum. Sy jout sels it goeie foarbyld troch har ôffal te skieden, mar ek sa folle mooglik recycleber materiaal te brûken. "Jong geleerd, is oud gedaan, sizze se dan. Dat jildt seker foar it skieden fan ôffal."
© ANP Foto
De oprop fan Leystra komt presys op it momint dat Merijn Tinga, better bekend as de Plastic Soup Surfer, nei Dokkum komt. Tinga is drok dwaande mei in kampanje om mear omtinken te freegjen foar al it plestik dat wy fuortsmite en dat úteinlik yn it wetter bedarret. In boadskip dat Leystra fan herte stipet. "We jouwe Merijn in waarm wolkom yn Dokkum. Wy ha in ôfspraak by it pipermuntfabryk, dêr't Merijn de direksje in rapport oerlangje sil. Yn dat rapport stiet hoefolle ferpakkings fan Wilhelmina Pepermunt der fûn wurde yn de natoer en it wetter. Dêrmei wolle we it fabryk wize op syn ferantwurdlikheden."

Goed foarbyld

Njonken ûndernimmers moatte benammen ek skoallen harren ferantwurdlikheid nimme, fynt Leystra. "Op basisskoallen is der hieltyd mear omtinken foar de plestik sop", fernimt Leystra. "Mar der wurdt noch te min dien oan it skieden fan ôffal. As bern dat op de basisskoalle sjogge, dan nimme se dat mei yn harren eigen libben. It moat de gewoanste saak fan de wrâld wurde."

Lytse saken, grut ferskil

It is bêst ienfâldich om ôffal te skieden, mar ek om ôffal te besparjen, wit Leystra út eigen ûnderfining. "Ik brûk sels gjin plestik pûdsjes mear, nim in mok mei nei it wurk en brûk bamboereidsjes. It binne stik foar stik ienfâldige lytse saken, dy'tst maklik ferfange kinst troch 'herbruikbare' saken."
Esther Leystra