Stikelbaarchtelling: wurkgroep hopet wer op soad meldingen yn Fryske tunen

De populaasje stikelbargen yn Nederlân wurdt hieltyd lytser. Dat is ien fan de redenen dat dit wykein wer de Stikelbaarchtelling holden wurdt. Minsken kinne harren waarnimmingen fan stikelbargen trochjaan, ek stikelbargen dy't al earder sjoen binne meie meld wurde. It heart by it 'Egelweekend', in inisjatyf fan de Zoogdierenvereniging, Egelwerkgroep Nederland en Jaarrond Tuintelling.
In stikelbaarch © Shutterstock.com (Taty-N)
De drûchte fan de ôfrûne jierren hat foar it fuortplantsjen fan stikelbargen problemen opsmiten. Ek is der noed oer in sykte: sûnt it begjin fan 2020 wurde der hieltyd mear stikelbargen sjoen mei in hûdôfwiking. In ferklearring is nettsjinsteande ûndersyk noch net fûn.

2019: measte meldingen út Fryske túnen

Yn 2019 binne der goed 16.500 stikelbargen meld. Dêrfan wiene goed 2.300 fan deade stikelbargen. Goed 1.300 stikelbargen waarden yn tunen fûn, Fryslân stie doe op it earste plak as it om waarnimmingen yn tunen giet.

Waarnimmingen

De earste Stikelbaarchtelling waard yn 2009 organisearre en sûnt dat jier is it evenemint elts jier holden. Mei de waarnimmingen kin in byld foarme wurde fan de sprieding fan stikelbargen oer it lân. Stikelbargen yn de tún kinne likegoed meld wurde as stikelbargen op oare plakken. Ek deade stikelbargen meie oanjûn wurde, dat kin fia de Waarneming-webside en op de Tuintelling-webside.
Ferspriedingskaart fan waarnimmingen fan stikelbargen yn 2019 © Egelwerkgroep Nederland