Omrop TIP: Diel 2 fan 'Hert & Siel', oade oan it ambacht

De Fryslân DOK 'Hert & Siel' giet oer it projekt 'Fenduq/de Fryske motor'. In lânboumasine (in maishakselder) wurdt útinoar helle en neiboud troch lokale keunstners en ambachtslju fan hiel de wrâld, mei ferskillende materialen. It keunstwurk soe besiele wurde troch in hynstehert, mar dat gie net troch.

Hert fan in hynder

Yn it binnenste fan de motor sit in glêzen pot, dêr't de keunstner it balseme hert fan in dea hynder yn stopje woe. Dat hert soe de 'besieling' fan it keunstwurk wurde. Mar it Fries Museum hie keunstner Éric van Hove frege om it net te dwaan.
It soe de oandacht fan it keunstwurk helje, en boppedat wie direkteur Kris Callens benaud dat biste-aktivisten yn aksje komme soene. Yn de dokumintêre seit Callens tsjin de keunstner dat hy rekken hâlde moat mei 'overgevoeligheid in de samenleving' foar alles dat mei bisten te krijen hat.
Eric Van Hove docht glêzen pot yn de motor © Omrop Fryslân

Diskusje

Nei de premjêre fan de film op it Noordelijk Film Festival ûntstie diskusje. It museum wie opdrachtjouwer en mocht dus meiprate oer it wurk. Dochs fûn Kris Callens ek dat de keunstner wol frij wie yn syn karren. Éric Van Hove gie akkoart mei de beswieren fan it museum en liet de glêzen pot, dêr't it hynstehert yn komme moast, leech.
Dat it Fries museum dochs ynfloed útoefenje woe op de ynhâld fan in keunstwurk, feroarsake nei de filmfertoaning in soad reaksjes yn de media.
Edelsmid Sanne Bergsma © Omrop Fryslân

In motor fan porslein, sulver en glês

De searje 'Hert & Siel' fan programmamakker Bart Kingma en kameraman Jan Bensliman folget de bou fan 'de Fryske motor'. Yn opdracht fan keunstner Éric Van Hove hawwe ambachtsminsken alle 295 ûnderdielen fan in maishakselder op 'e nij makke, fan materiaal út harren eigen fakgebiet. Dat fariearre fan ûnder oare porslein, glês, koper oant beskildere hout.
It giet Van Hove by dit projekt 'Fenduq' om de krêft fan it ambacht. De ambachtsman makket produkten mei hert en siel, mei each foar syn materiaal, foar de oarsprong fan syn fak. It giet om ferbining mei de histoarje en de omjouwing. Sûnt de yndustrialisaasje is de moderne minske dy ferbining kwytrekke, seit Van Hove.
Yn de motor sit in glêzen pot, dy't bedoeld wie foar in balseme hert fan in ferstoarn hynder. Dat soe 'de siel' fan it keunstwurk wurde. It keunstwurk stie earst yn it Fries Museum en is yn 2020 nei in museum yn Sweden gien.
Eric Van Hove yn it atelier yn Marrakesh © Omrop Fryslân

Op 'e nij

'Hert & Siel' begjint yn it atelier fan Van Hove yn Marrakesh. Dêrnei 'groeit' de motor mei wurk fan glêsblazers yn Sweden, in biensnijer fan Bali, keramyk en smeierij út Ljouwert, houtsnijwurk út De Knipe, skilderwurk fan Noardburgum, Hylper skilderwurk, sulver út Ljouwert en Harnzer tegelwurk.
De dokumintêre yn trije dielen is earder útstjoerd yn novimber/desimber 2019 en wurdt op 'e nij troch Fryslân DOK yn trije kear foar it fuotljocht brocht.
Maishakseler © Omrop Fryslân
Diel 2 fan 'Hert en Siel', sneon 12 septimber by NPO2 om 15.30 oere, mei Nederlânske ûndertiteling (werhelling 13 septimber om 13.10 oere).
Omrop Fryslân stjoert diel 2 út op 13 septimber om 17.00 (werhelling alle oeren).
Diel 3 fan 'Hert en Siel' is yn it wykein fan 19 en 20 septimber te sjen.