Detinearde falt finzenismeiwurker PI Ljouwert oan mei smarmes

In detinearde yn de finzenis fan Ljouwert hat besocht om in finzenismeiwurker yn 'e búk te stekken mei in smarmes. De meiwurker koe de oanfal ûntwike, de detinearde hat sels wol ferwûnings oan 'e hân oprûn.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De detinearde wegere te harkjen nei ynstruksjes fan it personiel en foel dêrnei de meiwurker oan. Dy rekke dus net ferwûne, de detinearde wol. Hoe't dat bard is, is op it stuit net dúdlik. Hy is nei it sikehûs brocht en dêr oan syn ferwûnings behannele.
It smarmes wêrmei't de detinearde de meiwurker oanfoel, heart by de sel. Detinearden ha in leppel, foarke en mes om bygelyks bôle te smarren.

Utsûndering

"We maken dit niet vaak mee", seit in wurdfierder fan de finzenis oer it ynsidint. "Dit is gelukkig een uitzondering." Der is oanjefte dien by de plysje en de detinearde moat fjirtjin dagen yn de strafsel ferbliuwe.