Dûnskafee yn Boalsert ticht fanwegen net folgjen coronamaatregels

Dûnskafee 't Hofje yn Boalsert is op lêst fan Veiligheidsregio Fryslân sletten. De hoarekasaak soe de coronamaatregels yn de needferoardering net goed folge ha.
© Shutterstock
Yn de nacht fan 5 op 6 septimber seach de hanthavening fan gemeente Súdwest-Fryslân dat de oardelmeterregel net of net goed genôch folge waard en dat it reservearjen en tawizen fan in sitplak net konsekwint wie.
De ûndernimmer moat in plan yntsjinje om de regels út de needferoardering goed op te folgjen, foar't de hoarekasaak wer iepen mei.