Ein oan ikoanyske wettersportwinkel: "We kinne de tiid net weromdraaie"

It is in ikoanyske winkel yn de binnenstêd fan Ljouwert, alteast, foar elk dy't wat mei wettersport hat. Dizze wike binne de doarren fan Wagenaar Watersport oan de Wijbrand de Geeststraat foar de lêste kear iepen. Yn de takomst moatte der apparteminten yn it gebou komme. En dat docht eigener James Witteveen dochs wol in bytsje sear: "It is spitich dat it gebou foar Ljouwert net bestean bliuwt. Mar it is de tiid. Dat kinne we net weromdraaie."
Wettersportwinkel Wagenaar
"Ik bin hjir 28 jier lyn begûn as ynfalkrêft", fertelt Witteveen yn syn winkel, wylst hy om him hinne sjocht. "Dêrnei socht Wagenaar in opfolger, dat doe ha ik de saak tegearre mei myn frou oernaam. En dat is fansels wol apart, om in famyljebedriuw oer te nimmen. En we ha it 28 jier mei in soad wille dien."
Oant 2004 wiene der sels noch twa seilmakkers aktyf yn de romte boppe de winkel. "Dy hiene in opslachromte, dêr ha ik sûnt dy tiid eins net mear west. Dêr moat ik de kommende dagen noch opromje. Ik bin benijd wat ik krekt tsjinkom. Mar doe't de lêste seilmakker mei pensjoen gie, ha wy fol ynset op ferkeap fia ynternet. Dat slagge goed, mar dat hiene we ek wol nedich."
James Witteveen oer syn wettersportwinkel
Dochs docht it wat apart oan, in wettersportwinkel middenyn de binnenstêd. "Yn 1926, doe't de famylje Wagenaar hjir de winkel iepene, wie dat noch hielendal net sa. Dat is allegearre troch de jierren hinne sa groeid."
Wa't troch de winkel rint, sjocht in grut ferskaat oan guod. Fan dekstuollen en skipperspetten oant boeien en helmstokken, by Wagenaar wie it te finen. "Neist boatsjeminsken ha wy hjir ek giel-blauwe flaggen, dêr kamen fansels in soad Ljouwerters op ôf. Ik ha neffens my wolris nee ferkeapje moatten, mar wêr dat foar wie, dat wit ik al net mear."
Yn de romte boppe de winkel sit it plak dêr't eartiids de seilmakkers sieten. Op de flier binne noch tekeningen te sjen, mei ôfmjittingen foar falkjes en BM'ers. "It doek waard dan op de grûn lein, en dan koene je it brûke om it út te mjitten. Der sieten hjir wol seis of sân seilmakkers, en dêrneist noch ferskate froulju efter in naaimasine. Der waarden hjir ek tinten makke, en sliepsekken bygelyks. Der wie hjir in protte wurk. Letter ha wy ús spesjalisearre yn 'e wettersport."

'Iepen loft showroom yn de Prinsetún'

Op de âlde snijtafel leit noch in swart-wyt katalogus, mei foto's fan tintsjes yn de Prinsetún yn Ljouwert. Dêr hie Wagenaar in soad fan showroom yn 'e iepen loft, dêr't minsken dan in tinte útkieze koene, en Wagenaar makke dy dan. Minsken giene der bygelyks mei nei de eilannen te kampearjen.
It begruttet Witteveen wol dat de winkel der aanst net mear is. "We ha noch wol besocht om in opfolger te finen, mar dat is net slagge. Dat is wol spitich, mar it is ek de tiid. It is no ien kear sa..."
Op besite op 'e souder fan de winkel