FNP Hearrenfean: jildflater gemeente mei net te'n koste gean fan minderbedielden

De FNP yn de gemeente Hearrenfean hat moandei in moasje yntsjinne by de behanneling fan it herstelplan nei oanlieding fan de rekkenflater dy't twa wiken lyn foar it ljocht kaam. De gemeente hat dêrtroch in struktureel tekoart fan 2 miljoen euro. De FNP fynt dat minderbedielden dêr net de dupe fan wurde meie. De moasje krige lykwols net genôch stipe en helle it net.
It gemeentehûs fan Hearrenfean oan de Crackstrjitte © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Mei de moasje besocht de FNP it kolleezje derfan te oertsjûgjen dat minsken mei in ynkommen dat lyk is oan of leger is as 120 persint fan it wetlik sosjaal minimum finansjeel net de dupe wurde meie fan de flaters dy't troch de oerheid makke binne. Sadwaande moat de gemeente Hearrenfean in oplossing sykje om in struktureel tekoart fan 2 miljoen euro te dekken.
De moasje fan de FNP hat it lykwols net helle. De partij hie ferwachte dat alle fraksjes it mei de moasje iens wêze soene, mar sy krige allinne de stipe fan de SP, Heerenveen Lokaal en GrienLinks. Alle oare fraksjes, VVD, CDA, Gemeentebelangen Heerenveen, D66 mar ek de PvdA stipen de moasje net. Sy wolle de útkearingen en de regels dy't der foar de minima binne, meinimme by it sykjen nei in oplossing foar de finansjele problemen.

"Gemeente hat him te ryk rekkene"

En dy problemen binne grut neffens FNP-fraksjefoarsitter Ate Eijer: "De gemeente hat him ryk rekkene, te ryk. Wannear't we de 2 miljoen fertale nei in mearjierrebegrutting fan bygelyks 10 jier, dan giet it om 20 miljoen en dat is mear as serieus jild." De FNP hie mei de moasje foarkomme wollen dat de minima net by de hersteloperaasje belutsen wurde soene.
"Dat is ús no net slagge. Foar de minima bliuwt it ûnwis wat de gefolgen fan it herstelplan foar har binne", seit Eijer. "De mearderheid fan de ried is fan betinken dat it no net it goede momint is en dat hjir letter in beslút oer nommen wurde moat. De FNP-fraksje is it hjir net mei iens en stelt dat it noait te betiid is om de minima út 'e wyn te hâlden."

Unôfhinklik ûndersyk

De gemeenteried naam earder dizze wike in amendemint oan foar in ûnôfhinklik ûndersyk nei de rekkenflater. Der komme twa ûndersiken: in lyts ûndersyk nei de de falidaasje fan de sifers dy't it kolleezje de ried jûn hat en in djipgeand ûndersyk nei hoe't inselde flater yn de takomst foarkaam wurde kin. Hoe't it finansjele tekoart oplost wurde moat, docht bliken út de senario's dy't it kolleezje yn septimber of oktober oan de ried foarleit.