Noardeast-Fryslân wol witte wat ynwenners fan doel binne mei âld en nij

De gemeente Noardeast-Fryslân sjocht no alfêst nei de lêste dei fan it jier. Fanwegen it coronafirus en in nije subsydzjeregeling wol de gemeente witte wat de ynwenners fan doel binne mei âld en nij. Boargemaster Johannes Kramer sprekt de ynwenners oan yn in filmke.
Yn it filmke ropt Kramer de ynwenners fan syn gemeente op om foar 1 oktober harren plannen foar âld en nij kenber te meitsjen, omdat de ferwachting is dat de coronakrisis ein desimber noch net foarby wêze sil. Kramer: "We wolle op tiid witte wat der spilet, sadat we mei de organisatoaren ynspylje kinne op alle maatregels dy't der mei gearhingje. Dat minsken mekoar net besmette."
Neffens Kramer is betide planning wol nedich. "Wy binne in grutte gemeente mei fyftich doarpen en ien stêd, dêr't men ornaris ek graach karbidsjitte mei. We ha ek in beheind oantal amtners. Dus dat we no net trije dagen fan tefoaren in hoas oan oanfragen krije, probearje we dat betiid yn te setten. Sa kinne we maatwurk leverje foar minsken dy't graach knallend it nije jier ynliede wolle."
© Wikimedia Commons
Neist de coronamaatregels hat ek de weryndieling fan de gemeente te krijen mei de oprop fan Kramer. "Wy binne fan trije gemeenten nei ien gien. Oant no ta wie der foar elke gemeente en de ynwenners in aparte regeling, mar fan dit jier ôf is der ien 'geharmoniseerde' regeling. Dat betsjut dat it yn guon plakken krekt even wat oars giet as dat men wend wie. Fandêr dat we se dêr ekstra op wize wolle."
Elk plak dat wat organisearje wol mei âld en nij kin no rekkenje op in basisbedrach fan 250 euro. "En dêr krije we dan noch trije kwartsjes oerhinne de ynwenner", seit Kramer. "En foar mear as 2000 ynwenners is de subsydzje tusken de 1000 en 2500 euro."
Boargemaster Johannes Kramer