Wurkstraf foar Ljouwerter himpkweker

De plysjerjochter hat in Ljouwerter himpkweker feroardiele ta 150 oeren wurkstraf. De man hie yn in wenning yn Akkrum in himpkwekerij boud. Hy die dat om fan syn skulden ôf te kommen.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Nei in anonime tip foel de plysje yn jannewaris dit jier binnen yn it hûs. Der waarden goed tachtich planten oantroffen. De man tape ek it wetter en de stroom yn de wenning yllegaal ôf.
Hy moat tûzenen euro's werombetelje.