De Kast krijt kultuerpriis Friese Anjer 2020

De Kast krijt dit jier de Friese Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân. De muzikanten fan De Kast sette har al mear as tritich jier yn foar de Fryske popmuzyk, seit de sjuery.
© Omrop Fryslân
De band hat net allinnich in soad hits skoard, mar ek in wichtige bydrage levere oan it útdragen fan de Fryske taal en identiteit, lanlik en ynternasjonaal. "Wy binne tige bliid mei dizze priis yn ús jubileumjier", seit sjonger en frontman Syb van der Ploeg. "We sjogge it as in bekroaning foar ús oeuvre en de spesjale projekten dy't wy yn Fryslân en dêrbûten dien ha."
Kommissaris fan de Kening Arno Brok, dy't ek foarsitter is fan it Cultuurfonds Fryslân, oerlanget de priis op 9 desimber op in offisjele gearkomste yn de Ljouwerter Harmonie.
Mei de Friese Anjer wurdt alle jierren in persoan, feriening of ynstelling dy't him ynsetten hat foar de Fryske kultuer of natuer yn it sintsje set. De priis bestiet út in spjelde, in oarkonde en in bedrach fan 5.000 euro.
Njonken de Friese Anjer wurdt dit jier ek in Talentprijs útrikt. Dy wurdt, yn gearwurking mei Friesland Pop, takend oan in bejeftige persoan of groep dy't in bysûndere, artistike prestaasje levere hat binnen de popmuzyk en de potinsje fan in suksesfolle karriêre temjitte giet. It publyk kin persoanen of groepen foardrage.
Sjonger Syb van der Ploeg fan De Kast