Minder dielnimmers as ferline jierren foar etappeferzje SUP-Alvestêdetocht

De non-stop ferzje fan de SUP-Alvestêdetocht, Stand Up Paddling, is ôfrûne sneon fan start gien, mar de etappeferzje oer fiif dagen is dizze woansdei yn de Prinsetún yn Ljouwert ek begûn.
Suppen Ljouwert
Tineke Merkus, eigeneresse fan de SUPskoalle yn Ljouwert, docht ek mei. It is har net ûntgien dat de sport yn de ôfrûne jierren in soad oan populariteit wûn hat. "Doe't ik begûn, 10 jier lyn, stienen minsken oan de kant te sjen mei de gedachte 'wat is dy no wer oan it dwaan?', doe wist eins noch net ien wat it suppen wie." No steane der al tûzenen minsken alle jierren op 'e sup by har skoalle.

Oardel meter ôfstân

Neffens Merkus binne der in soad dingen dy't minsken oanlûkt ta suppen. "It is sporte yn de natuer, bliuwst fit en makkest de holle leech." Foar de sport wie de oardelmeterôfstânmaatregel gjin probleem, by dizze sport wie dat goed te dwaan.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Der hawwe dan ek mear minsken oan it suppen west dit jier as oare jierren. "Mei dizze sport is it gjin probleem om ôfstân fan inoar te hâlden. Dêrby woenen minsken der graach út, bûten wat dwaan, yn de coronatiden, dat koenen wy hjir wol fernimme."

Tarieding

In goeie tarieding kwa iten, klean, mar ek training is nedich, fertelt Merkus. "De holle moat ek rêstich wêze, want it is wol fier en moatst de fokus hâlde. Ik moat no wol acht oeren op de board stean." Sels foar dingen sa as nei it húske gean is dan net altyd tiid.
Tineke Merkus, eigeneresse fan de SUPskoalle yn Ljouwert
Yn eltse etappe, dy fan woansdei giet fan Ljouwert lâns Snits en Drylts nei Sleat, moatte de dielnimmers minimaal fyftjin minuten rêste. Ferskate minsken steane binnen dy tiid al wer op de board om wer in sa rap mooglike start te meitsjen. "Het blijft toch een wedstrijd, en twintig tot dertig mensen hier gaan echt voor de medaille", seit Marije Elgersma fan de organisaasje fan it evenemint. De tocht duorret fiif dagen.

Taktyk

By in sa rap mooglike tiid delsetten komt dan ek taktyk, peddelslach en hâlding te sjen. "Wij peddelen vijf dagen, en één van de tactieken is dat je de eerste dag zo snel mogelijk gaat, en dan een paar minuten eerder dan de andere deelnemers finisht. Dan heb je gelijk een voorsprong de rest van de dagen", seit Marije Elgersma.
De organisaasje ferwachtet ien fan de dielnimmers fan de earste dei al binnen 4,5 oeren yn Sleat. "Dat is een afstand van bijna 48 kilometer. Hij is sneller dan ons moederschip en de slaapboten."

Ferskate nasjonaliteiten

Gewoanwei wienen der boppe de hûndert dielnimmers, no binne it mar fiifenfyftich. Se komme noch wol hieltyd oeral wei. "Dit jaar doen er elf verschillende nationaliteiten mee, waaronder zelfs een Chileen. Die is na de wedstrijd van vorig jaar in Nederland gebleven. Normaliter doen er rond de dertig nationaliteiten mee."
Jelmer, ien fan de dielnimmers, hat der noch gjin nocht oan. "It binne wol lange dagen. Ik ha my in pear moannen lyn ynskreaun mei de gedachte om in soad te trainen, mar dat is der net echt fan kaam." Hy folget net de taktyk fan de earste dei sa rap mooglik gean. "Ik sit eins wat yn de kneuzekompetysje, dan spilet dat net sa mei. It giet mear om de finish te heljen, dat is it wichtichste."
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Marije Elgersma fan de organisaasje fan de SUP-Alvestêdetocht