Stichting Leergeld en skriuwer Paul van Loon meitsje musical oer earmoed

Stichting Leergeld en skriuwer Paul fan Loon hawwe in musical skreaun foar bern út groep 8. De musical giet oer sosjale útsluting fan bern dy't opgroeie yn earmoede. De musical wurdt oanbean oan skoallen yn de gemeenten Ljouwert, Tytsjerksteradiel, Waadhoeke, Harns, Skylge en Flylân.
© Stichting Leergeld Leeuwarden
Dy kinne it pakket mei it skript, ferskes en rolbeskriuwingen fan 'Grumor in groep 8' bestelle by Stichting Leergeld. Neffens de stichting sitte der yn eltse klasse twa of trije bern fan wa't de âlden muoite hawwe om rûn te kommen.
Mei de musikal hopet de organisaasje dat âlden en skoallen de stichting better te finen witte. Ek hopet de organisaasje dat skoallen sels soargje dat ek bern út húshâldingen dy't net safolle te besteegjen ha, meidwaan kinne oan alle aktiviteiten.

Skoalreis

"We binne út de Leergelden wei altyd op syk nei manieren om bern mei heiten en memmen dy't net safolle jild hawwe mei gean te litten op bygelyks in skoalreis of sporte te litten", leit Paula van der Veer fan Stichting Leergeld út. "Ien fan dy ideeën wie om in musical te meitsjen foar groep 8, dêr't alle dy heiten en memmen as publyk by sitte."
Paula van der Veer fan Stichting Leergeld oer de musical
Stichting Leergeld set him net allinnich yn foar bern mei âlden dy't wurkleas binne. Ek âlden dy't parttime wurkje, mar net rûnkomme kinne, meie by de stichting oanklopje. "Somtiden komme je krekt wat tekoart om wat ekstra dinkjes te dwaan", leit Van der Veer út.
Skriuwer Paul van Loon is benammen bekend fan syn grizelboeken, lykas De Griezelbus en Dolfje Weerwolfje. De musical wurdt net sa grizelich as Van Loon syn boeken. Van der Veer: "Mar hy is wol spannend. Je moatte wol lef hawwe om dizze musical op te fieren."