D66'er De Groot fiert pittige diskusjes mei boeren yn Aldskoat

Al yn it foar wie te foarsizzen dat it in fûle diskusje wurde soe, en dy foarsizzing kaam út. Yn de Sionstsjerke fan Aldskoat wie moandei in gearkomste fan D66. Dêryn gie Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot yn petear mei Fryske boeren. En syn besite leit gefoelich, want De Groot wie de man dy't yn tiid fan de boereprotesten sei dat de feesteapel lytser wurde moat. It gie der bytiden dan ek fûl oan ta.
Boeren by de gearkomste litte spandoek sjen © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Ignas Minnema fan D66 Súdeast-Fryslân hie foar de jûn wol hoop dat der in goed petear komme soe. "Wij hoopje dat der in petear ûntstiet tusken de boeren en mei Tjeerd de Groot. Sa as jimme witte hat De Groot it ien en oar sein oer hoe't it mei de boeren komme moat. We wolle it graach ha oer de takomst fan de boeren yn Fryslân. Wy hoopje dat it yn elk gefal wat dúdliker wurdt. De ferhâldingen lykje frij skerp tsjinoer inoar te stean, dat sil jûn net feroarje. Mar we hoopje dat we it idee aanst hawwe: we ha yn elk gefal wol in petear mei inoar hân", seit Minnema.

Melkfeehâlder

"We komme hjir jûn te hearren hoe't it allegearre sit mei Tjeerd de Groot", seit ien fan de oanwêzige boeren. "Wat De Groot seit, rekket kant noch wâl. Dêr binne we net bliid mei en sa kinne je ek net mei boeren omgean. Dat slacht nearne op."
Hy tinkt net dat hy De Groot op dizze jûn oertsjûgje kin. "Ik fyn it eins in hopeleas gefal. Ik kin fan alles tsjin him fertelle, mar neffens my hat er kleppen foar de eagen. Hoefolle oft it jout, dat wit ik net", sa seit de boer.
Tjeerd de Groot op de gearkomste © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Foar oanfang fan de gearkomste wie De Groot net bang foar ferfelende teksten fan de boeren. "Daar ben ik helemaal niet bang voor en uiteindelijk weet ik ook dat veel boeren stappen willen zetten. Maar waar het al heel lang aan ontbreekt is duidelijkheid. Ze moeten elke keer weer aan nieuwe regels voldoen, die regels komen uit Den Haag", sa seit De Groot. "Waar het mij om te doen is dat je van die regels afkomt, dat er duidelijkheid is voor boeren. Maar wel op een andere leest."
Ferslachjouwer Jantine Stoffers wie by de gearkomste