Ald-haadredakteur Mulder: "Oername NDC kin wol ris goed útpakke foar de sjoernalistyk"

De mooglike oername fan NDC Mediagroep troch de Belgyske Mediahuis Groep soe wol ris goed útpakke kinne foar de sjoernalistyk. Dat seit Rimmer Mulder, âld-haadredakteur fan de Leeuwarder Courant. "As je selsstannich bliuwe wolle en je moatte elk jier mar wer besunigje. Dat is ek net goed. Mediahuis is in goed bedriuw, dat dúdlik each hat foar de sjoernalistike kant", seit Mulder.
It gebou fan it Friesch Dagblad yn Ljouwert © Omrop Fryslân
"Mar it is spitich dat der wer in noardlik bedriuw, mei in sterke roots yn Fryslân, de selsstannigens kwytrekket", seit Mulder. Mar foar him komt it nijs net as in ferrassing. "It wie al lang dúdlik dat NDC net mear sa lang selsstannich wêze soe. Wat der allegearre bart yn de mediawrâld, dêr ha je in bepaalde skaal foar nedich."

Persgroep

Earder hat de Persgroep in grut tal regionale kranten oernaam, mar neffens Mulder sil NDC better ta syn rjocht komme by it Mediahuis. "De regionale kranten yn Hollân en Limboarch ha se yn in aparte difyzje. NDC soe dêr echt in fersterking foar wêze. By de Persgroep binne alle regionale kranten dy't se oernaam ha hiel fluch ûnderdielen fan it Algemeen Dagblad wurden", seit Mulder.
Wat der mei it personiel fan NDC barre sil by in oername is noch net dúdlik. "Ik wit de details net en dêr moatte we net te folle oer sizze. Mar it Mediahuis wol net in bedriuw dat jier op jier ferlies makket, dus der sil wol goed besunige wurde moatte", sa seit Mulder.

Friesch Dagblad

Binnen NDC hat it Friesch Dagblad de meast trouwe lêzerskearn. "Ik tink dat se by it Mediahuis wol beseffe dat se dat net yn ien kear opheffe kinne, dat sil ek net barre. Dat hoecht ek net. Je kinne it Friesch Dagblad wol goed oerein hâlde as selsstannige titel. Ik tink wol dat der op it mêd fan de redaksjes wol mear gearwurke wurde sil, ek mei de Leeuwarder Courant. Mar dat hoecht op himsels net sa slim te wêzen as je de spesifike dielen fan de kranten mar oerein hâldst. Dat kin hiel goed. Ek yn Limboarch ha se dy kranten as Limboarchse kranten yn de merke set", sa seit Mulder.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn petear mei Rimmer Mulder