Mediahuis Groep wol Fryske kranten keapje

Mediahuis Groep, útjouwer fan ûnder oaren De Telegraaf, Privé en de website Dumpert, wol NDC mediagroep oernimme. NDC is útjouwer fan de kranten Leeuwarder Courant, Friesch Dagblad, Dagblad van het Noorden en in grut tal streekblêden. Dat de belutsen partijen dit nijs nei bûten bringe, wiist der op dat de petearen al in hiel ein op streek binne. De direksje wol noch net op it nijs reagearje.
Mediahuis Groep wol Fryske kranten keapje
De finansjele situaasje by NDC is al jierren min. It tal abonnees rint sterk werom en dat jildt ek foar de advertinsjeynkomsten. De oandielhâlders moasten al ferskate kearen finansjeel byspringe om it bedriuw oerein te hâlden.
Dat it Mediahuis no de earste kandidaat is om NDC oer te nimmen is in ferrassing. NDC wurket al jierren gear mei de Persgroep, útjouwer fan ûnder oaren it Algemeen Dagblad. In grut tal artikels fan de Leeuwarder Courant komt dêr wei en wurdt útwiksele.
It gebou fan it Friesch Dagblad yn Ljouwert © Omrop Fryslân