De flagge én de klean kinne út: Swimfun jout ferfolch oan naturisteswimmen

Swimbad Swimfun op De Jouwer jout in ferfolch oan it naturisteswimmen. Dizze hjerst kinne badgasten alle moannen oardel oere neaken swimme. Njonken it binnenswimbad sille ek de wyldwetterbaan en it bûtenbad iepen wêze.
© ANP Foto
Ofrûne winter sette Swimfun útein mei in proef om naturisten de kâns te jaan neaken yn it swimbad te swimmen. Alle jûnen dat it swimbad iepen wie foar naturisten, wie it drok. Reden foar it swimbad om it naturisteswimmen op te nimmen yn de winterprogrammearring.
Fan 4 oktober ôf kin der neaken swommen wurde. De data en de tiden fan it naturisteswimmen steane op de webside fan it swimbad.