Bestelbuske bedarret yn fiver by It Hearrenfean

By It Hearrenfean is in bestelbuske moandeitemoarn yn in fiver by in rotonde yn de Weinmakker bedarre. It is net bekend hoe't dit barre koe.
© De Vries Media
Nei kontrôle fan ambulânsepersoniel is de bestjoerder nei it sikehûs yn Grins brocht.
De traumahelikopter waard oproppen foar in 'rendez-vous' mei de ambulânse. De traumahelikopter lâne op de A7 by Marum. Personiel fan de traumahelikopter holp it ambulânsepersoniel.