Bestjoerder beknypt by ûngelok yn Sibrandabuorren

In autobestjoerder is moandeitemoarn by in iensidich ûngelok fan de dyk rekke by Sibrandabuorren en kaam beknypt te sitten yn syn auto. It ûngelok barde oan De Mardyk. De brânwacht hat de man út syn wein helle.
© De Vries Media
De autobestjoerder is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De auto rekke troch it ûngelok skansearre. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.