'Kilometervreters' yn Nijhoarne traapje har yn it swit foar swimbadkaartsjes

Op de fyts nei skoalle ta: foar in soad bern is it de gewoanste saak fan de wrâld. Mar de bern út groep 5 en 6 fan OBS Sevenaer yn Nijhoarne traapje har graach ekstra yn it swit. Sy dogge mei oan it projekt 'Kilometervreters' fan Veilig Verkeer Nederland en moatte de kommende trije wiken sa folle mooglik kilometers fytse om leuke prizen te winnen.
Fytslampe © Shutterstock.com
Fan moandei of sille de learlingen sa folle mooglik kilometers fytse. Alle bern krije in kilometerteller fan de juf of de master, dy't op de fyts setten wurdt. "By 10 km kinne se de earste priis winne", fertelt projektlieder Anne-Loes Postma fan Veilig Verkeer Nederlân. Sa giet dat fierder oant en mei 60 km. "En wy jouwe foar groepen ek leuke groepsuitjes fuort."
Doel fan it projekt 'Kilometervreters' is dat de bern ûnderfining opdogge yn it ferkear. Postma: "Dit is de leeftiid dat bern hieltyd faker selsstannich dielnimme oan it ferkear. Sy moatte ûnderfining opdwaan troch sa folle mooglik kilometers te meitsjen yn harren eigen omjouwing. Bern fine fytsen oer it algemien best leuk. Hielendal as it om prizen giet. Tink bygelyks oan in iisko by in winkel yn de buert. En by 60 kilometer kinne se sels in swimbadkaartsje winne."
Yn de gemeente Smellingerlân is ferline jier al proefdraaid mei it projekt. Postma: "Dat wie in sukses. Fandêr dat wy it no útwreide ha nei oare gemeenten."
Projektlieder Anne-Loes Postma