Literatueradviseur Tresoar: "It wurdt tiid foar in Fryske skriuwersskoalle"

It nivo fan de Fryske literatuer is hiel behoarlik, mar der is wol ferlet fan stipe op bygelyks redaksjoneel mêd. Dat stelt literatueradviseur Meindert Reitsma fan Tresoar. "It wurdt tiid foar in Fryske skriuwersskoalle", seit er dêrom. "It soe moai wêze as der oer in pear jier in trajekt is dat skriuwers stap foar stap better makket."
© Bob de Boer fotografie
Reitsma ferwiist dêrby ek nei de Schrijversvakschool, dy't soks foar Nederlânsktalige skriuwers al docht en no ek nei Ljouwert komt. "Miskien dat Fryske skriuwers dêr op 'en doer ek by oanslute kinne, of dat der in oar inisjatyf foar komme moat. Mar ja, dat ha jo net fuortendaliks foar inoar. Doel moat wêze om skriuwers langere tiid te begelieden sadat se better wurde. "
Reitsma helle syn master Europeeske Talen en Kultueren, mei it Frysk as haadtaal, oan de Ryksuniversiteit fan Grins en hy skriuwt ferhalen en resinsjes. Yn Grins siet er yn it bestjoer fan de eardere stúdzjeferiening Skanumodu en letter waard er foarsitter fan de stichting mei deselde namme, dat it ynternettydskrift Skanumodu oprjochte.
Meindert Reitsma die syn útspraken snein as studiogast yn it radioprogramma Buro de Vries.
Meindert Reitsma oer in Fryske skriuwersskoalle