Maarten van der Weijden swimt út solidariteit mei Benno Tuinstra mei

Maarten van der Weijden is sneintemiddei mei Benno Tuinstra út Skarsterbrêge it wetter yn sprongen. Tuinstra begûn oan syn swimtocht de '11 fan De Jouwer' om jild op te heljen foar kankerûndersyk en Van der Weijden besleat om in stik mei him mei te swimmen.
Swimtocht Benno Tuinstra
De twa swimmers sprongen ûnder de belangstelling fan sa'n 150 taskôgers it wetter yn. Van der Weijden swimt út solidariteit foar Tuinstra syn aksje de earste twa kilometer mei him op.
Tuinstra, dy't troch in motorûngelok in parsjele dwerslaesie oprûn, soe dit jier 1 fan de 111 meiswimmers wêze fan de Swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden, mar dy koe troch de coronamaatregels net trochgean.
Hy docht no in swimtocht fan 11 kilometer yn de omkriten fan De Jouwer om jild op te heljen foar de Maarten van der Weijden Foundation. De teller stiet no op sa'n fyftjintûzen euro.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It is de bedoeling dat Van der Weijden sneintejûn ek wer by de finish wêze sil, yn De Broek. Hy is snein de hiele dei yn Fryslân om by ferskate inisjativen del te gean.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena