SUP-alvestêdetocht fan start: "Je wurde gewoan oer dy finish joele"

Mear as sechtich suppers weagje harren sneon en snein oan de SUP-alvestêdentocht. De tocht fan 200 kilometer wurdt ôflein op in surfplank mei allinnich in peddel. Sneontemoarn giene de earste suppers it wetter op.
SUP Alvestêdetocht
200 kilometer lang op in plak peddelje, wêrom soene je dêr oan begjinne? "Dat frege ik my ek ôf doe't ik fan 'e moarn fan bêd ôf komme moast", laket Jelle Steenbeek, ien fan de dielnimmers. Dochs hat er der wol nocht oan. "It is altyd in hiel moai evenemint. It binne altyd deselde minsken dy't je tsjinkomme en it is echt in groepsding. Ek al peddelje je yndividueel."

30 oeren peddelje

Steenbeek die in jier earder ek al mei en die der doe 31 oeren oer. Ditkear moat dat wat rapper, seit er. "It leafst twa oeren der ôf. Ferline jier ha ik op myn toskfleis it lêste stik dien. Ik koe de lêste 60 kilometer allinnich kola binnen hâlde. Mar je wurde gewoan oer dy finish joele."
De dielnimmers ha 36 oeren de tiid om de tocht te folbringen. Hoewol't oardel dei peddeljen lang liket, is it net ekstreem, seit Steenbeek. "Moatst it altyd yn perspektyf sjen, der binne ek minsken dy't him twa kear efterelkoar dien ha of dy't tûzen kilometer peddelje. Dit is gewoan efkes goed ite fantefoaren."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Dielnimmer Jelle Steenbeek oer de SUP-alvestêdetocht