Hoe is it no mei vlogger Ans Visser?

Hoe giet it mei de bewenners fan de Herbergier yn Harns? Yn it begjin fan de coronakrisis hat eigener Ans Visser mei fideodeiboeken sjen litten wat der barde yn de wenfoarm foar minsken mei demintens. Hear Zonneveld is ien fan de bewenners en fertelt oer it momint dat hy yn isolaasje moast.
Ans Visser
Ans Visser hat meiwurke oan it vlogprojekt 'Berjochten út it hert' fan Omrop Fryslân. In netwurk oan minsken út de hiele provinsje wei hat yn maart, april en maaie fideodeiboeken makke om yn de provinsje sjen te litten wat der krekt spile yn de coronakrisis.
Mear vlogs fan Ans Visser en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.