HEA! Bruorrestriid yn Marsum
Bruorren fan ferskate famyljes út Marsum sochten inoar ôfrûne snein op foar in partij teatsen. Dat is keatsen mei in tennisracket en in sêfte bal. Healwei de jierren 90 is it idee ûntstien om in keatswedstriid te hâlden mei partoeren fan ferskate bruorren út it doarp. Nei in tal jierren kaam de klad deryn. Dit jier hawwe de bruorren de tried wer oppakt. Mar de jonge keardels fan doe binne no allegearre fyftigers mei kwaaltsjes en klachten en frijwat stiver as doe. Dêrom dogge se dit jier net mear keatsen, mar teatsen. Dat is wat minder belêstend en komt der minder op oan. Mar de wille is itselde.
hea 1