Opnij needgjalp oer weikwinen fan âldste skuorre Noardseegebiet yn Fryslân
Undersiker Paul Borghaerts die ferline jier al in needgjalp oer de âldste skuorre fan it Noardseegebiet, dy't oan de Sânleansterdyk yn Reahûs fertutearzet. En dat wylst de konstruksje eins sa gau as mooglik oanpakt wurde moat om it foar de takomst te behâlden. It giet om in skuorre mei in byntwurk fan 1596. "Triest," skriuwt Borghaerts op sosjale media. "Het staat er een jaar later nog even deplorabel bij." Neffens him krijt hy net genôch stipe fan gemeente Súdwest-Fryslân.

Dat de skuorre sa âld is, waard yn 2015 ûntdutsen. Borghaerts is as ûndersiker spesjalisearre op it mêd fan houtdatearring en hy is ek de oprjochter fan Stichting Historisch Bouwhout Fryslân.
Gjin monumint
De skuorre is gjin Ryks- of gemeentlik monumint, en nettsjinsteande in besykjen soe dat ek net mooglik wêze neffens Borghaerts.
De eigener fan de skuorre is neffens Borghaerts ree om mei te wurkjen, mar it is ek in finansjele lêst foar him. It is, sa seit hy, "een strop om de nek van de zeer welwillende boer." Dêrom is it sykjen nei in passende foarm, sa't Borghaerts doe al sei. Hy sjocht sels graach in stichting foar de ynstânhâlding fan de skuorre.
Reint nei binnen, konstruksje gammel
De situaasje is dat de skuorre al al jierren iepen leit, dêrtroch kin it nei binnen reine. De draachkonstruksje stiet op ynstoarten, sa lit Borghaerts witte. De binnenkant is wat ferlatte troch de eigener, mar hoewol't er syn bêst dien hat, docht dit de âlde konstruksje gjin rjocht.
Borghaerts: 'Allinne 2.500 euro'
De skuorre moat restaurearre wurde, mar gemeente Súdwest-Fryslân wol net djip ta de bûse. Der is inkeld romte om 2.500 euro te jaan foar reparaasjekosten, seit Borghaerts. Mar neffens him is dat fierstente min om de skuorre echt te behâlden. "Dit kun je niet serieus noemen. De boer kan niet verder en het verval gaat door." Neffens Borghaerts soe just de gemeente soarch drage moatte foar sa'n wichtich gebou, mar dy fisy is der neffens him net.
It giet yn Reahûs om it âldst bekende dekbalke-byntwurk fan ikehout. Oant de ûntdekking waard oannaam dat in pleats út 1610 yn Grinslân de âldste oerbleaune buorkerij wie fan it Noardseegebiet tusken Frankryk en East-Dútslân, mar de skuorre yn Reahûs brocht dêr feroaring yn. It dekbalke-bynt en it ûnderste part fan it steapelde spant binne fan ikehout. Om it jier 1600 hinne stapte men oer fan ikehout op grenenhout, dat joech al oan dat de skuorre fan foar 1600 wêze moast. It is dus in buorkerij fan grutte histoaryske wearde.