Justysje hackte fersleutele kommunikaasje tusken fertochten Vidar-saak

Plysje en justysje koene meilêze yn de kommunikaasje tusken fertochten yn de grutskalige wapen- en drugshannelsaak Vidar. De kriminelen makken gebrûk fan fersleutelingsapp EncroChat, dêr't se elkoar fia spesjale telefoans geheime berjochten mei stjoerden. Plysje en justysje slaggen deryn dit systeem te hacken. De fertochten hiene neat yn 'e gaten en praten dus frijút.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Woansdei tsjinnet yn de rjochtbank yn Ljouwert de saak tsjin 11 fertochten yn dizze ynternasjonale wapen- en drugshannelsaak, ek wol Vidar neamd. It giet wer om in pro-formasitting. De fertochten komme út Surch, Frjentsjer, Harns, Noardburgum, Ljouwert, Amsterdam en Helsinki. Guon fertochten wiene lid fan motorklups, lykas Hells Angels. Yn juny moasten se foar it earst foarkomme.

Kriminele boargerynfiltrant

By it oprôljen fan de binde sette it Iepenbier Ministearje, foar it earst yn 20 jier, in kriminele boargerynfiltrant yn. Neffens it IM wie dat nedich om de kriminelen oppakke te kinnen. Ek it hacken fan de geheime berjochten op EncroChat hat mooglik in grutte rol spile by it ûndersyk. Dêr wurdt woansdei op de pro-formasitting mear oer sein.
Der wiene ynfallen yn ûnder oare Westergeast, Ljouwert, Surch en Noardburgum. Dêrby waard beslach lein op fjouwer fjoerwapens mei byhearrende munysje, boksbûgels en pepperspray. In oantal wapens waard fûn yn in plestik tonne yn 'e grûn.
Ek binne by de trochsikings 16 blokken hasj fûn en goed 300 himpplanten, lytse hoemannichheden speed en gebrûkershoemannichheden kokaïne, ghb en xtc en fersnijïngsmiddels dy't brûkt wurde by de drugsproduksje. Op ien fan de adressen binne de restanten oantroffen fan in ûndergrûnske himpkwekerij.
Dêrneist is beslach lein op in wente mei in woz-wearde fan sa'n 350.000 euro, inkelde djoere horloazjes en trije auto's, wêrûnder in BMW mei in wearde fan 100.000 euro. Op ferskate plakken is foar hast 100.000 euro oan kontant jild oantroffen, meast yn euro's, mar ek yn Noarske en Deenske kroanen.
Begjin maart waard ek in grut drugstransport mei 86 kilo methamfetamine krekt foar de Nederlânsk-Dútske grins ûnderskept. In 44-jierrige Fin is yn syn heitelân feroardiele ta 11 jier selstraf foar it smokkeljen fan de drugs.
Yn july kaam justysje nei bûten mei 'it grutste resjerzje-ûndersyk ea troch it ûnderskeppen fan berjochten op EncroChat-telefoans', sei Andy Kraag, haad fan de resjerzje tsjin de NOS. Fan 1 april oant begjin juny lies de plysje mei mei mear as 20 miljoen berjochten dy't kriminelen elkoar stjoerden. "Wat alleen in spannende films leek te kunnen, speelde zich voor onze eigen ogen af", sei Kraag.

"Zeer gedetailleerde inkijk"

"We kregen een zeer gedetailleerde inkijk in de hedendaagse onderwereld. In een paar maanden tijd kregen we 3.000 signalen van levensbedreigende situaties. Zelfs doorgewinterde rechercheurs hadden dit nog nooit meegemaakt." It gie dêrby om likwidaasjes, mar ek om skokkende martelings. Nei alle gedachten binne der ferskate libbens rêden, fertelt Kraag. "We kregen zicht op criminele netwerken, de kopstukken, sleutelfiguren, hun handel en hun werkwijze."