Boargemaster oer bistemishanneling Bûtenpost: "Helpferliening is úteinset"

De helpferliening oan de bern dy't bisten mishannelen yn it Nordwin College yn Bûtenpost is úteinset. Dat seit boargemaster Oebele Brouwer fan gemeente Achtkarspelen. Op 23 augustus hawwe in pear jonge Syryske bern kavia's, dowen, piken en geiten mishannele op it Nordwin College. Om't de jonges ûnder de 12 jier binne, wurde sy net ferfolge. Mar der is wol helpferliening opset, om foar te kommen soks wer bart.
Brouwer oer dieremishanneling
Boargemaster Brouwer fan Achtkarspelen hat de ôfrûne wike yntinsyf mei de saak dwaande west. Guon fan de bisten oerlibben it net. "It is net neat wat der bard is: dat bern sa mei dizze bisten omgien binne. Dat wie in skok foar de skoalle. Wy binne der fuort hinne gien, wy hawwe mei learkrêften en bern sprutsen en helpferliening jûn. Doe't dúdlik waard hokker jongelju der ferantwurdlik foar it barren binne en hoe jong oft dy binne, doe haw ik fuortendaalks sein dat ek dêr helpferliening komme moat. En as lêst is der ek mei in delegaasje fan de buert praat op sneon," seit boargemaster Brouwer.

Jonge bern

De boargemaster wol fierder net in soad kwyt oer de bern. "Dit rekket harren privacy wol. Wy binne al hiel iepen dat wy sein hawwe dat it bard is troch hiele jonge jonges. Wat der yn it ferline bard is, dêr bliuw ik by wei. Sy wiene net earder yn byld foar soksoarte feiten. Dit wie nij. Dêrom hawwe wy ek sein: it binne jonge bern, sy krije helpferliening om derfoar te soargjen dat soks net wer bart. It binne bern ut Syryske húshâldingen. Helpferliening, GGD en Vluchtelingenwerk bepale de oanpak. Sy sjogge ek nei wat de bern meimakke hawwe, mar dat lit ik oan de professionals."

Prate mei de skoalle en buert

Op it Nordwin College is fuortendaalks úteinset mei helpferliening. "Dêr is de skoalle goed oer te sprekken en dat hawwe wy ek goed yn 'e mande mei-inoar dien." Dat jildt ek foar de buert. "Wat der dien is, is freeslik. Eltsenien freget hoe't dit no koe. Us ynstek is: rêst yn it doarp. Ik krij in soad te hearren dat dit net wer barre moat. Dat is ús aginda. Wat wy bepraat hawwe, diene wy yn fertroulikens. Dus wat der besprutsen is, dat hâlde wy foar ús."
Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen
© Omrop Fryslân