Poëtyske kuiertocht fan Tryater: ûndersyk nei gelok fan Fryslân
Op syk nei it Fryske gelok komt Tryater by de doarpen del mei in teatrale kuiertocht. Coronaproof rûnen de bewenners fan Marsum as earste in audiotoer mei keunst en teäter, gedichten en muzyk.
Yn de doarpen is antwurd jûn op de fraach: Wêr wurde jo gelokkich fan? Friezen hawwe de leechste ynkommens en binne dochs it gelokkichst, neffens it Frysk Sosjaal Planburo. Dat wurket gear mei Tryater yn in mearjierrige stúdzje.
Mei de foarstellingen 'It Gelok fan Fryslân', earst yn tsien doarpen, dogge se de artistike kant fan it ûndersyk. Tryater ferwurke de antwurden fan de doarpsbewenners yn de kuiertochten.
Yn Marsum rûnen de bewenners in ferrassende rûte troch it doarp ûnder begelieding fan muzyk en wurden. Te folgjen mei de koptelefoan by in giele tried troch it hiele doarp hinne.
Fijn en lekker
Foar Tatiana Pratley wie it de earste produksje as artistyk lieder fan Tryater.
"Ik fielde de ôfrûne wike, mei alle minsken dyt hjir oan it wurk wienen, de krêft fan teäter wer. It is sa fijn en lekker om net thús te sitten, mar mei syn allen wer wat te meitsjen", seit Pratley.